BOARNSTERHIM gemeente UTNOEGING Grou, 8 juny 2001. Oan 'e riedsleden fan 'e gemeente Boarnsterhim. Hjirmei noegje ik jimme út foar it bywenjen fan in riedsgearkomste dy't hâlden wurde sil op tiisdei 19 juni 2001 om 20.00 oere yn it riedshûs oan de Stationsweg 1 yn Grou. De boargemaster fan Boarnsterhim, Y. Dijkstra. W U RKLI S T 1It beëdigjen fan de hear M. van der Sluis ta riedslid fan de gemeente Boarnsterhim (ferfalle). 2. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 22 maaie 2001 3. Ynkommen stikken. 4. Oanlis berchbesinkbassin en berchbesinklieding yn Aldeboarn. 5. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 fan 'e Wet op 'e Romtlike Oardering. 6. Utstel ta it wegerjen fan in bouplan oan de H.J. Kooistrawei yn Wergea. 7. Prinsipefersyk foar de bou fan in loads op it perseel Buorren 2A yn Tersoal foar de stalling fan materieel. 8. Prinsipefersyk foar de oanlis fan in ynstekhaven op it perseel, kadastraal bekend gemeente Warrega, seksje C, nûmer 1722, lein oan it Prinses Margietkanaal tichtby Warten. 9. Prinsipefersyk om planologyske meiwurking foar de ferpleatsing fan in agrarysk bedriuw nei it gebied De Greate Mar oan 'e súdkant fan Wergea. 10. Planologyske meiwurking ferpleatsen Polslootmolen. 11. Grûnruil yn Akkrum. 12. Beskikber stelle fan in tariedingskredyt foar advys, ynventarisaasje en ûnderhanneling oan- geande fabryksterrein yn Akkrum. 13. Kamping Molehiem yn Jirnsum. 14. Subsydzjeferoardering Wet inschakeling werkzoekenden (Wiw). utnoeging ried 19 juny 2001/izsb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 1