6. Utstel ta it wenryp meitsjen fan "Bordego" yn Aldeboarn. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 7. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 8. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút foar it perseel Hoofdstraat 76 yn Grou. De hear Aukes seit dat syn fraksje net sa sear tsjin dit útwreidingsplan is. Mar yn ferbân mei it te- koart oan parkearromte yn Grou trunet hy der op oan dêr fral omtinken oan te jaan. Wethâlder Bijlsma seit dat it parkearen yn Grou al in hiel skoft it omtinken hat. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it utstel besletten. 9. Utstel oangeande frijstellingsfersyk opberchhaven Leechlân 4 yn Grou. De hear Aukes seit dat syn fraksje it stânpunt hanthavenet dat it hjir ek giet om in reparaasjewerf, dy't op Biensma III thúsheart. De hear Janse seit dat syn fraksje net gelokkich is mei dizze Ontwikkeling, mar hy sil him hjir by dellizze omt de ried dit yn it bestimmingsplan mooglik makke hat. Wethâlder Bijlsma werhellet dit as antwurd op de opmerking fan de hear Aukes. It giet hjir om lyts- skalige bedriuwichheid dy't past yn it bestimmingsplan bûtegebiet. De hear Van der Meulen fynt dat de fraksjes fan 'e V.V.D. en de F.N.P. behoarlik arbitrêr binne yn wat wol en wat net mei. Yn it bestimmingsplan is hjir romte foar makke en de ried soe eins en- tûsjast wêze moatte. Wethâlder Bijlsma seit dat it net maklik is in riedslid, dat net entûsjast is, entûsjast te meitsjen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De leden Aukes en Santema wurde achte tsjinstimd te hawwen. 10. Utstel oangeande de oerdracht fan It Iepen Stee yn Warten. Mevrouw Van den Berg vraagt wanneer het accommodatiebeleid aan de orde komt. Met dit voor stel wordt daar ook weer een voorschot op genomen. Wethâlder Bijlsma seit dat by de maitiidsnota dêr op weromkommen wurde sil. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 11Utstel ta it ferlienen fan oanfoljend subsydzje oan "De Jister" yn Aldeboarn. De heer Smittenberg maakt dezelfde opmerking over het accommodatiebeleid. Mefrou Wegman hat ek deselde opmerking. Dit útstel makket wat in rommelige yndruk, trochdat der twa kear om subsydzje frege is. Wethâlder Bijlsma seit dat dit útstel no krekt net wat te krijen hat mei it akkommodaasjebelied. Healwei de tariedings fan de ferbou kaam ek de berne-opfang yn byld. Dêrtroch moast der in ekstra foarsjenning yn it doarpshûs makke wurde en dêrom is der in ekstra bydrage frege. Side 3 notulen ried 22-05-2001 /absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 4