Mefrou Veldstra seit dat har fraksje yn 1997, by it fêststellen fan it beslút oangeande delegaasje en mandaat, wat huverich wie omt it foech fan 'e ried út hannen jûn waard. No wurdt dit belied aktua- lisearre. De ynhâld fan dit belied is no hiel wat dúdliker dan it beslút fan 1997 en har fraksje sil dan ek akkoart gean. Allinne punt 5 hâldt sy muoite mei. Dit punt soe by de ried bliuwe moatte. De hear Postma seit dat syn fraksje wat in oar lûd hearre lit dan de hear Aukes. De accountant hat by de jierrekkens de finger lein by de útfiering fan de regeling delegaasje en mandaat. Syn fraksje stimt yn mei de aktualisaasje. Hy hat lykwols noch in opmerking oer it oanbestegingsbelied, der't yn de riedskommisje oer praten is. Syn fraksje hat dêr opmurken dat der noch in fertaalslach makke wurde moat oangeande de leveringen en tsjinsten. Hy fynt dat dy fertaalslach op sa koart mooglike termyn plakfine moat. Hy wol dêroer graach in tasizzing fan it kolleezje. De hear Roorda seit dat syn fraksje trije jier lyn it útstel delegaasje en mandaat fan herte stipe hat omt dat tërTgöede komme soe oan de kwaliteit fan 'e tsjinstferliening. Ut de evaluaasje docht bli- ken dat de measte doelen ek helle binne. De evaluaasje jout oan dat der ek noch in tal ferbetterpun- en binne, ûnder oare oangeande de beliedsfoarming. Syn fraksje fynt dat eat pas opnommen wur de kin yn' de notysje delegaat en mandaat neidat, by foarkar de ried, it belied datoangeande fest- steld is. Hy soe graach wolle dat de resultaten fan de rapportaazje yn de kommisje Algemiene Sa- ken behannele wurdt Syn fraksje kin ynstimme mei punt 5, omt it yn feite giet om de lytsere saken. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie constateert dat ook "vervoer" tot de bevoegdheden van het college behoort. Bij naspeuringen heeft zij daar niets zwart op wit van kunnen vinden. Haar fractie vindt dat het "vervoer" (CVV, Wvg, leerlingen- en discovervoer) bij de raad zou moeten blij ven,omdat dit heel direct te maken heeft met kwetsbare groepen uit onze samenleving. De foarsitter betanket de ried foar syn réaksjes op dit wichtige punt. It is in foech fan de ried om ta deleqaasje/mandaat te besluten. De hear Aukes slûch de spiker op 'e kop. Mei it duale bestjoer sil der ek in ûntflechting fan bestjoerlike ferantwurdlikheden plakfine. Wat de ried no mandatearret oan it kolleezje sil dan net mear nedich wêze omt dat dan wetlik regele is. By it yngean fan de nije riedsperioade sil der wer nei de list mei delegaasje/mandaat sjoen wurde moatte. Dat soe kombi- nearre wurde kinne mei it bepraten fan de rapportaazje dêr't de hear Roorda op tsjut. By punt 5 giet it oer sitewaasjes dat de ried ferwar fiere moat en dat moat faak op hiel koarte termyn. It giet de F N P -fraksje benammen om dy saken dêr't it kolleezje easkjende partij is. As der bygelyks mear oan hanthaveningl oangeande bygelyks feilichheid as útf.ering fan regels) dien wurde sil dan binne der absolút sitewaasjes wêrop op hiel koarte termyn hannele wurde moat (bygelyks it oplizzen fan in twangsom). It kolleezje moat dat foech hawwe om it deistige bestjoerlike wurk goed dwaan te kinnen It kolleezje wol tasizze te besjen oft dy ferbysûndering ynbrocht wurde kin yn it delegaas- je/mandaatbeslút. Der moat yndied belied Ûnder it mandaat/delegaasjebeslút lizze. It giet mefrou Van den Berg by leveringen en tsjinsten konkreet om ûnder oaren it Wvg-ferfier. Ek hjir jildet dat de ried bepaalt. It liket it kolleezje net ferstannich yn dit gefal it foech oan de ried te litten. Ek yn de sfear fan levering en tsjinsten moat it deistich bestjoer, as útfierder fan wetten en regelingen, direkt hannelje kinne. De diskusje dêroer moat earst noch fierd wurde. *Dêr sil dus noch oer praat wurde oer levering en tsjinsten, dy tasizzing docht it kolleezje graach. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje punt 5 en dan benammen de sitewaasjes dat de gemeente eas kjende partij is, oan de ried hâlde wol. De hear Postma seit dat syn fraksje graach op sa koart mooglike termyn oer de levering en tsjinsten prate wolle soe. Side 5 notulen ried 22-05-2001 /absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 6