BOARNSTERHIM gemeente utnoeging Grou, 17 augustus 2001. Oan 'e riedsleden fan 'e gemeente Boarnsterhim. Hjirmei noegje ik jimme út foar it bywenjen fan in riedsgearkomste dy't hâlden wurde sil op tiisdei 28 augustus 2001 om 20.00 oere yn it riedshûs oan de Stationsweg 1 yn Grou. De boargemaster fan Boarnsterhim, Y. Dijkstra. WURKLIST: 1It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 18 en 19 juny 2001 2. Ynkommen stikken. 3. Utstel ta it goedkarren fan de jierstikken 1999 en begrutting 2001 "Stichting Jachthaven Wartena." 4. Utstel om in bydrage beskikber te stellen foar de restauraasje fan it stek by de meniste tsjerke yn Terherne. 5. Utstel om yn te stimmen mei de ûntwerp-begrutting 2002 fan de miljeuadvystsjinst en de tsjinst folkshúsfêsting. 6. Utstel ta it wizigjen fan de bestimming fan it perseel Greft 3 yn Warten. 7 Utstel foar it oprjochtsjen fan in tankstasjon op in perseel oan de Snitserdyk yn Reduzum. 8. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen ta it pleatsen fan in "mobile home" op it perseel Slûs 1000 yn Terherne. 9. Utstel ta it fêststellen fan in beliedsline oangeande ynstekhavens yn it bûtengebiet en it wegerjen fan in bouplan foar de oanlis fan in ynstekhaven oan de Leppedyk 50 yn Akkrum. 10. Utstel delegaasje bouplan foar it fergrutsjen fan in stâl op it perseel Buorren 3 yn Tersoal. 11. Utstel om in tariedingskredyt beskikber te stellen foar it ôfrûnjen fan de doarpsfernijing yn Wergea. 12. Utstel ta it reservearjen fan in kredyt foar it ISV projekt De Wal yn Grou. uutnoeging riedsgearkomste 28 augustus 2001/izsb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 1