De hear Van der Meulen fynt ek dat der better nei de arguminten en de punten fan de beliedsline sjoen wurde moat. Wethâlder Bouma seit ta dat der yn 'e kommisje apart oer de beliedsline praten wurde sil. De foarsitter seit dat it kolleezje punt 1 weromnimt. Ek it argumint fan de hear Aukes sil dan meinommen wurde. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens punt 2 fan it útstel besletten. 10. Utstel delegaasje bouplan foar it fergrutsjen fan in stâl op it perseel Buorren 3 yn Tersoal. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 11Utstel om in tariedingskredyt beskikber te stellen foar it ôfrûnjen fan de doarpsfernijing yn Wer- gea. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie bijzonder tevreden is dat deze slepende kwestie eindelijk tot een oplossing komt. Ook dat de bewoners gecompenseerd worden voor de schade stemt hem tot tevredenheid. Mefrou Santema seit dat har fraksje mei it útstel ynstimme kin. Der is nochal wat wetter troch de Wergeasterfeart gongen foardat der oerienstimming wie. De trochgeande rûte bliuwt behâlden. Dochs wol har fraksje jitris freegje nei de stopljochten yn de Wergeasterfeart en dat de trochfeart sadwaande optimaal brûkt wurde kin. Ek in foardiel foar de toeristen is dat sy net mei it swit yn 'e hannen troch de feart gean moatte. It is pynlik dat it kolleezje skriuwt dat de plannen rekkenje kin- ne op in brede stipe út it doarp wei. De sfear op 'e ynspraakjûnen spruts dêr net fan. Der is nochal wat wetter by de wyn dien foardat der in oerienstimming berikt wurde koe. It Bidlerterrein bliuwt sa as it is, dus gjin ekstra kuiermooglikheden. Sy soe graach dat der nochris besocht wurdt ekstra kui- ermooglikheden te krijen, sawol op it Frico- as lâns it Bidlerterrein rjochting de Jurjenspôle. De oan- keap fan 'e grûn op Wopkeshoek blykt in goede set west te hawwen. Hjirtroch kin de homeie nei it Fricoterrein werkenber wurde. Wethâlder Bouma seit dat sy it net iens is mei mefrou Santema, dy't it mei in pear punten net iens is en noch mear wol. De punten dy't sy oandraacht binne net ynbrocht yn de kommisje. Der is wiidweidich en in tal kearen mei de doarpsfernijingskommisje praten en it kolleezje kin dan no ek konstateare dat it plan brede stipe krigen hat fan de doarpsmienskip. Der kin noch wolris nei de stopljochten sjoen wurde. In kuierpaad om de Bidler hinne leit gâns dreger om t it allegear partiku- lier terrein is. Mefrou Santema fynt dat de wethâlder negatyf reagearret wylst sy sei bliid te wêzen mei de kon- sinsus dy't no berikt is. Sy is it allinne net iens mei de kanttekening dat der brede stipe is fan de befolking út. Sy jout noch in pear hints mei dy't miskien yn de útfieringsplannen meinommen wurde kinne. As dat net yn 'e ried sein wurde mei, dan wit sy it ek net mear. Wethâlder Bouma seit dat sy reagearre hat op de réaksje fan mefrou Santema oangeande de kant- tekenings by it útstel. De punten fan omtinken dy't mefrou Santema neamd wol sy nochris mei- nimme foar yn 'e takomst. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Side 8 notulen ried 28-08-2001/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 10