12. Utstel ta it reservearjen fan in kredyt foar it ISVprojekt De Wal yn Grou. De hear Janse seit dat syn fraksje dit in goede saak fynt. It is spitich dat Aldeboarn no wer nei ach teren skood wurdt. Syn fraksje fynt dat der in ynspanningsferplichting foar Aldeboarn is om de les te faze fan 'e wâlkanten oan te pakken en ek oangeande de ferpleatsing fan Knol. De heer Jonkers zegt dat het heel plezierig dat dit punt versneld op de agenda is gekomen. Hij deelt de mening dat er voor Aldeboarn een inspanningsverplichting geldt. Mefrou Santema slút oan by de eardere sprekkers. Wethâlder Bouma seit dat yn 'e kommisje al posityf reagearre is. Der is in goede oerienkomst kom men foar it ISVprojekt De Wal. Foar Aldeboarn leit der seker in ynspanningsferplichting. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 13. Utstel ta it oankeapjen fan grûn yn Warten. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje grutte twifels hat oer dit útstel. Binnen it doarp Warten binne noch ferskillende ynfolplakken, no en op langere termyn, wylst de grûn dy't no oankocht wurde sil noch oant 2008 lizzen bliuwe moat. Mei de grûnpriis kin hy wol ynstimme, mar as dat seis jier op rinte setten wurde moat dan wurdt de grûnpriis wol sa'n f 315.000,00 de hektare. Hy jout it kolleezje in berekkening. De heer Smittenberg zegt dat de tekst van dit voorstel geen goed Nederlands is. Hij heeft daar al eerder op gewezen. Het stuk is niet juist en kwalitatief onder de maat. Ook staat er een onjuistheid in de kaartjes komen niet met elkaar overeen. Hij betreurt het dat er sinds 13 maart kennelijk nie mand de kwaliteit van dit voorstel heeft verbeterd. In feite voelt hij zich als raadslid niet serieus ge nomen. Wethâlder Bouma betanket de hear Van der Sluis foar de berekkening. By de stikken dy't op besjen leine siet sa'n selde soart berekkening. De fragen fan de kommisje is oan foldien. Sy makket har ekskúsjes foar de tekstuele flaters. It wenplan moat noch fêststeld wurde en dêr soe best utkomme kinne dat der earder yn Warten begûn wurde kinne. De plannen passé wol yn de struktuerskets. De hear Van der Sluis seit dat guon gegevens fertroulik op besjen leine, dêrom hat hy syn berekke- ning oerlange. Syn fraksje stimt wol yn mei it útstel, mar hat wol inkele kanttekenings, sa as hy yn earste termyn al sein hat. De heer Smittenberg zegt dat de kaartjes die bij de commissiestukken ter inzage lagen elkaar niet dekken. Hij aanvaardt de excuses. Wethâlder Bouma seit dat der strategyske oerwegings binne om de stikken op dizze wize fertroulik op besjen te lizzen. Sy begrypt hiel goed wêr't de hear Smittenberg op doelt. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 14. Utstel ta it fêststellen fan it beliedsferslach sosjale saken oer it jier 2000. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 15. Utstel ta it fêststellen fan in restauraasje-útfieringsprogram 2001-2005. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. Side 9 notulen ried 28-08-2001 /absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 11