Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 6. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan kêst 21 fan de Wet op de Romtelike Oar- dering foar de bou fan in wente yn Tersoal. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 7. Utstel om yn te stimmen mei de begrutting 2002 en de mearjierrerûzing 2003-2005 fan wurk- foarsjenningskip "Westergo Bedrijven" yn Frentsjer. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 8. Utstel oangeande de Nieuwe Generatie Reisdocumenten. Mefrou Veldstra seit dat it wol wat betiizjend is dat der twa ferskillende bedragen foar it byskriu- wen fan bern yn Op 'e Hichte neamd binne, sûnder in rektifikaasje de twadde kear. Har fraksje hat yn de kommisjegearkomste beswier makke tsjin it bedrach foar it byskriuwen fan bern en de fraksje bliuwt by syn beswier. Boarnsterhim freget de maksimum fêststelde bedragen wylst oare gemeen ten ek legere bydragen freegje. Sy freget in oantekening dat sy tsjin de bedragen foar it byskriuwen fan bern is. De foarsitter seit dat it kolleezje him yn de regel hâldt oan de advysbedragen. At oan minsken op grûn fan ynkommensmotiven in leger bedrach frege wurde soe, soe dat opnommen wurde moatte yn de regelingen dy't der binne foar de minima. Hjir wol it kolleezje de beliedsline hanthavenje. Mefrou Veldstra tinkt dat dat net in goede gedachte is. Minsken sille oan it loket net sa gau freegje om tapassing fan de regelingen foar de minima. Sy bliuwt derby dat sy in oantekening hawwe wol dat sy de bedragen foar it byskriuwen fan bern te heech fynt. Dan wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Mefrou Veldstra kriget de frege oantekening. 9. Utstel ta it fêststellen fan de jierrekken 2000. De hear Postma seit dat no einliks de jierrekken op de wurklist stiet. Syn fraksje hie dat graach wol len yn kombinaasje mei it jierferslach. Sa't it no giet moat it perfoarst net wer. Yndachtich de ôf- spraken dy't der makke binne oangeande de gemeentlike rekkenkeamer kin syn fraksje ynstimme mei it útstel. De hear Roorda seit dat syn fraksje yn de kommisje al wurdearring útsprutsen hat foar de gearstal- ling en de presintaasje fan de jierstikken. Pas jûn is it jierferslach kommen. In oar jier moat it wol kombinearre behannele wurde. Syn fraksje is tefreden mei de tasizzings fan it kolleezje oangeande de ferbetterpunten en punten fan omtinken. It is blykber hiel dreech om de produktbegrutting goed út te wurkjen. Syn fraksje hat de yndruk dat Boarnsterhim op dat punt noch wat achter rint. Hy fre get it kolleezje dêr nochris nei te sjen. It is net dúdlik hoe't de kosten fan de wertaksaasjes WOZ opfongen wurde. Komt it kolleezje noch mei in útstel dêroer? Syn fraksje kin ynstimme mei it kol- leezje-útstel. De heer Smittenberg zegt dat het hem spijt dat hij opnieuw over het jaarverslag moet beginnen. In het voorstel staat dat er een aantal tegenslagen waren en dat het gelet op de termijnen niet moge lijk was het jaarverslag eerder klaar te hebben. Wat waren die tegenslagen en was het niet mogelijk geweest al wel de inhoud aan de raad te doen toekomen? Het gaat de raad tenslotte primair om de tekst van het jaarverslag en niet zozeer om wat er allemaal omheen is gemaakt. Als het college niet met een plausibele verklaring kan komen is de hele gang van zaken voor hem onaanvaardbaar. Side 2 notulen ried 25-09-2001 /absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 16