BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 28 augustus 2001 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, FI.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. De hear Van der Meu len sil wat letter komme. Hy stelt oan 'e oarder: 1. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 18 juny 2001 en 19 juny 2001. It ferslach fan de gearkomste fan 18 juny 2001 wurdt konform fêststeld. It ferslach fan de gearkomste fan 19 juny 2001 wurdt wizige fêststeld. Op fersyk fan de hear Van der Sluis wurde op side 5 de folgjende léste sinnen taheakke: "De hear Van der Sluis seit dat it net krekt is wat de hear Van der Starre seit. Febrewaris 1998 is it bestimmingsplan Bûtengebiet fêst steld. Oktober 1998 komt it beslút fan de provinsje oer itselde bestimmingsplan dêr't Onder oare goedkarring ûnthâlden wurdt oan wat no as arguminten nei foaren brocht wurde (artikel 22, lid 6). Tsjin de ôfkarring fan de provinsje is de gemeente net yn berop gien by de Ried fan State en ek is der nei dy tiid gjin feroaring fan it bestimmingsplan BOtengebiet west. Gefolch dêrfan is dat de foarneamde arguminten net goed binne en net brûkt wurde meie". 2. Ynkommen stikken. Nûmer 2: De hear Roorda seit dat de hiele gong fan saken tige teloarstellend is. It giet hjir om it foech fan it kolleezje. De grutte mearderheid fan de kommisje wie fan miening dat de namme Biensma bestean bliuwe moast. Syn fraksje gie der fan út dat der in goede kommunikaasje plakfûn hie mei Pleatslik Belang en it bedriuwslibben. Letter die bliken dat it bedriuwslibben net goed ynformearre wie. Syn fraksje freget dêrom it kolleezje oft de proseduere nochris oan 'e oarder komme kin yn de kommis je Algemiene Saken. Ek de gearstalling en de posysje fan de Geakundekommisje soe dêr by belut- sen wurde kinne. Hy hat de yndruk dat de Geakundekommisje fral út histoarici bestiet en te min minsken út it maatskiplike libben. Mevrouw Van den Berg ondersteunt de woorden van de heer Roorda. De foarsitter seit dat hy befoardere sil dat der oer de proseduere nochris yn 'e kommisje praten wurdt. Der is neffens him lykwols sprake fan in pear misferstannen. Dit is de earste kear dat der notulen ried 28-08-2001/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 3