oer in advys fan de Geakundekommisje diskusje ûntstiet. De Geakundekommisje hat yndied in swie- re ynbring yn de strjittenammejouwing. Dêr is ynderdied bewust foar keazen. It foech fan namme- jouwing leit by it kolleezje en it kolleezje dielt syn beslút mei oan de kommisje. It is it kolleezje op- fallen dat guon minsken tinke dat it om in feroaring fan de namme fan in besteand bedriuweterrein giet en dat dêrtroch in protte ekstra kosten makke wurde moatte. Dat is net sa, it giet hjir om in nij part fan it bedriuweterrein. Nûmer 4: Mevrouw Van den Berg vraagt of de raad op de hoogte kan worden gehouden van de stand van zaken met betrekking tot de uitkomst van het plan van aanpak voor de veiligheid van AZC's. *De foarsitter seit dit ta. Nûmer 10: Mefrou Veldstra freget dit stik yn de kommisje te behanneljen. Mefrou Wegman leit it selde fersyk by it kolleezje del. Mevrouw Van den Berg verzoekt ook dit stuk in de commissie te behandelen. Mefrou Santema slút har oan by de foarige sprekkers. Wethâlder Bijlsma seit dat yn 'e maitiid dizze diskusje ek alris yn 'e kommisje west hat. Hy sil by de foarsitter fan 'e kommisje befoarderje dat dit brief dêr noch behannele wurdt. Nûmer 12: Mefrou Veldstra seit dat har fraksje it tige spitich fynt dat it kolleezje besletten hat wer gjin gehoar te jaan oan it fersyk om diel te nimmen oan in autofrije snein. De foarsitter seit dat de argumintaasje fan it kolleezje nei it beslút fan ferline jier net feroare is. It klinkt net sa idealistysk, mar it kolleezje tinkt dat der in better en grutter effekt berikt wurde kin yn de gruttere plakken. Nûmer 13: Mefrou Veldstra soe dit stik graach yn 'e kommisje behannelje wolle. Mefrou Wegman dielt dizze miening. Wethâlder Bijlsma seit dat hy befoarderje sil dat dit yn de kommisje AS of WUK behannele wurde sil. Nûmer 14: De hear Zijlstra freget it kolleezje oer dizze saak sa gau mooglik yn 'e kommisje te praten. Mefrou Santema seit dat ek har fraksje der op oantrunet oer de ferpleatsing fan de firma Knol te praten. Wethâlder Bouma seit dat dit wierskynlik yn oktober yn de kommisje oan 'e oarder komme kin. 3. Utstel ta it goedkarren fan de jierstikken 1999 en begrutting 2001 "Stichting Jachthaven Warte- na". Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. Side 2 notulen ried 28-08-2001/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 4