4. Utstel om in bydrage beskikber te stellen foar de restauraasje fan it stek by de Mennistetsjerke yn Terherne. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 5. Utstel om yn te stimmen mei de ûntwerp-begrutting 2002 fan de miljeuadvystsjinst en de tsjinst folkshúsfesting. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 6. Utstel ta it wizigjen fan de bestimming fan it perseel Grêft 3 yn Warten. De hear Aukes seit dat syn fraksje der net foar is de bestimming te wizigjen yn "werken" sjoen it feit dat it perseel yn in natuergebiet leit. Mei "wonen" hat syn fraksje gjin muoite. Wethâlder Bouma seit dat it soart wurk eksplisyt neamd wurdt yn de fergunning dy't ôfjûn wurde sil. Yn dit gefal kin it "werken" der net óf om't it dochs giet om wurkjen mei oare minsken. By in nije oanfraach sil der wer op 'e nij nei de bestimming sjoen wurde moatte. De hear Van der Meulen nimt plak. De hear Aukes seit dat der in probleem ûntstiet as dizze aktiviteiten ophâlde, want dan leit der noch hyltiten de bestimming "wonen en werken". Syn fraksje is tsjin de wiziging yn "werken". Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan de V.V.D. wurdt achte tsjinstimd te hawwen. 7. Utstel foar it oprjochtsjen fan in tankstasjon op in perseel oan de Snitserdyk yn Reduzum. De hear Van der Sluis seit dat der gjin draachflak is foar in tankstasjon. In tankstasjon betsjut yn it iepen fjild in grutte Ijochtsmet yn it tsjuster. It tankstasjon by Idaerd is dêr in foarbyld fan. Syn fraksje wie ek tsjin de oanlis dêrfan. Tankstasjons hearre tsjin in doarp oan te lizzen en net yn it ie pen fjild. Syn fraksje stimt dêrom tsjin dit útstel. De heer Smittenberg zegt dat zijn fractie niet onder de indruk is van de argumenten zowel voor als tegen. Nergens blijkt uit dat er sprake is van maatschappelijke noodzaak. Bedrijvigheid moet zoveel mogelijk geplaatst worden op plekken waar dat past. Om daarvoor dan een open ruimte in het bui tengebied te gebruiken moeten er wel heel goede argumenten zijn. Hoe vaak bijvoorbeeld moet een uitbreiding van het aantal tankstastions langs de infrastructurele hoofdroutes mogelijk zijn? Gezien de afstand tot andere tankstations lijkt er hem geen sprake van noodzaak. Een deel van de bezwa ren uit Reduzum is misschien ook wat overtrokken. Voor het voorzieningenniveau in Reduzum is het beter wat in het dorp te realiseren dan daar buiten. Het zwakste argument van het college was wel dat een tankstation prima past in het landschap. Zijn fractie vindt dat we zuinig moeten zijn op het buitengebied en daar waar er geen nadrukkelijke noodzaak is vindt zijn fractie een nieuw tank station geen goede zaak. De hear Janse seit dat syn fraksje gjin foarstanner is fan in tankstasjon by Reduzum. De arguminten hat syn fraksje dúdlik yn 'e kommisje nei foaren brocht. Syn fraksje bliuwt by syn stânpunt. Hy wol noch efkes yngean op de eksploitaasje-oerienkomst, benammen dat artikel dêr't yn bepaald is dat de eksploitant de gemeente jierliks in bedrach fan 'e omset betelje moat. Syn fraksje twifelet der oan oft de gemeente wol dy kant op moat. Hy freget him óf wat de wearde is fan dizze eksploi taasje-oerienkomst aanst by in eventuele beropsaak. Kin de eksploitant oan dizze oerienkomst rjochten ûntliene? notulen ried 28-08-2001 /absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 5