De hear Van der Meulen seit dat it syn fraksje fernuvere dat it kolleezje nei de dúdlike ôfwizende miening fan de kommisje dochs dit útstel yn de ried bringt. Wêrom hat it kolleezje dit trochsetten? Syn fraksje is net foar in tankstasjon by Reduzum. De hâldberheid fan de arguminten sawol pro as kontra is net bést. Binnen syn fraksje is in prinsipiële diskusje fierd. De fraksje is fan betinken dat der yn prinsipe gjin tankstasjons yn it bûtengebiet komme meie en sil dêrom tsjin dit útstel stimme. De hear Zijlstra seit dat yn 'e kommisje al dúdlik wie dat de grutte mearderheid gjin tankstasjon by Reduzum hawwe wol. De proseduere nei de bewenners ta steane ek wat fraachtekens by. Foar syn fraksje is de fraach wat de mearwearde is fan in tankstasjon op dit plak. Syn fraksje fynt dat it tiid wurdt dat der better opletten wurdt foardat der grutte saken delsetten wurde (sa as it Aquaverium dat nachts in hiele grutte Ijochtsmet yn it lânskip is). Syn fraksje tinkt dat der yn dit gefal gjin mear wearde is en ek gjin needsaak. De hear Postma seit dat hy fan 'e gemeente ferwachtet dat dy in lykwichtich en konsistint belied fiert oangeande ditsoarte fersiken. Der binne in protte terreinen dêr't sa'n fersyk mei te krijen hat. By dit útstel giet it lykwols allinne om de meiwurking oan in artikel 19 proseduere. De arguminten dy't oanfierd binne moatte ek yn dat Ijocht besjoen wurde. Hat it brief fan 9 augustus fan Veenema noch arguminten opsmiten dy't fan belang binne? Syn fraksje heart graach hoe't it kolleezje op dit brief reagearre hat. Hy konstatearret dat der in goede wikseling fan arguminten plakfûn hat. De ar guminten fan Pleatslik Belang binne op in goede wize wjerlein. Nettsjinsteande in yn haadsaak ne- gatyf advys fan de riedskommisje komt it kolleezje dochs mei dit útstel. Wat binne de arguminten fan it kolleezje hjirfoar? It gebrek oan draachflak fan út it doarp moat ek seker meiwage. Foar de takomst moat goed besjoen wurde hoe mei ditsoarte fersiken om te gean, even los fan de argumin ten Hy fersiket it kolleezje dér ek wat oer te sizzen. In oar aspekt is de fraach oft der no werklik wol ferlet is fan in tankstasjon? Kin it kolleezje net as betingst foar sa'n oanfraach stelle dat der in merkûndersyk plakfine moat? Wethâlder Bouma seit dat de útspraak fan de kommisje hiel dúdlik wie. Om't it kolleezje him hélde moat oan de prosedueres fan de WRO.en om 't de artikel 19 proseduere it foech is fan de ried, dêr om moat de ried (en net de "advys"kommisje) in beslút oer it fersyk nimme. It giet hjir om in fersyk fan in tredde dy't yn 1999 al in prinsipetastimming krigen hat. It kolleezje tinkt dat de arguminten oangeande alles dat ûndersocht is yn de ôfrûne perioade, goed binne. Ek de beswiermakkers fine dat fan harren eigen arguminten. De arguminten dy't de ried brûke wol om it fersyk óf te wizen moatte juridysk wol oannimlik wêze. As der letter miskien troch de rjochter oars bepaald wurdt dan it riedsbeslút moat it kolleezje derfan oertsjûge wêze dat de arguminten goed ferwurde binne. De kommunikaasje mei it doarp hie better moatten yn 1999, by it begjin. Dat der doe net mei it doarp praten is, is net bewust bard. Yn 'e takomst moat dat ek oars, al wurdt der no al hiel goed praten mei de doarpen. It bestimmingsplan bûtegebiet jout wol romte foar in frijstelling foar in tankstasjon. De fraach oft der ferlet fan in tankstasjon is, is in hiele lestige. De fraach is neffens har ek net rele vant yn dit stik fan saken. It giet hjir om it fersyk fan in tredde en dêr sil in antwurd op komme moatte. In eksploitaasje-oerienkomst kin sletten wurde ûnder betingst dat der in boufergunning is. De oanfreger hat al in helberheidsûndersyk dien en in ûndernimmingsplan ynlevere. Om it altiten as betingst te stellen, is in goede suggestje. De foarsitter seit dat de ried de plicht hat in ófwizing goed te motivearjen. Op dat punt ferwiist hy nei side 6 dêr't it kolleezje seit dat der nei harksitting en kommisjegearkomste gjin nije ynsichten kommen binne dy't in werberied fereaskje. Der is goed neigien wat der allegear ófweage wurde moat om in goede beslissing te nimmen yn it ramt fan de artikel 19 proseduere. De ried hat goed fûn dat der op dat plak by Reduzum in beheind horekabedriuw kaam, in carpoolplak en in wynmû- ne. Tsjin dy romtlike achtergrûn moat dit inisjatyf pleatst en ófweage wurde. De wetjouwer easket in kwaliteitsoerdiel fan de ried. Wol as net ferlet, is gjin kwaliteitsargumint fynt ek de bestjoers- rjochter. It kolleezje hat in eigen bestjoerlike ferantwurdlikheid. As it útstel weromnommen wêze notulen ried 28-08-2001 /absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 6