soe, soe dat it terjochte ferwyt fan de rjochter opsmite kinne dat it belang fan in partikulier ûnder- nimmen skea dien is. Oant no ta hat de ried net útsprutsen dat as der in partikulier inisjatyf is (in ûndernimmer makket of ferkeapet in produkt makket of soksawat), hy witte wol oft der wol maat- skiplik ferlet fan is. Dat wurdt oerlitten oan it frije spul fan 'e maatskiplike krachten. As de ried fine soe dat der in ûndersyk by de oanfraach lizze moat, dan kin dat net fan it iene op it oare momint easke wurde om't dat de fertinking wekker meitsje soe dat om't jo eat net wolle, mar dêr gjin goede arguminten foar hawwe, der in ûndersyk frege wurdt. As de ried dit fersyk ôfwize wol, moat hy hiel sterke arguminten brûke oars achtet it kolleezje it beslút by de bestjoersrjochter, mar dat is in sekundêr motyf, net hâldber. De heer Smittenberg zegt dat het, gezien de procedure, terecht is dat het college dit voorstel aan de raad voorlegt. Wellicht was het beter geweest dat het college eerst in de commissie het princi pebesluit had besproken. De commissie vond bijna raadsbreed dat het verzoek moet worden afge wezen. Toch komt het college met dit voorstel zonder dat daarbij in het voorstel is aangegeven welke consequenties een eventuele afwijzing zou hebben. Hij meent te weten dat een hoofdlijn van het bestemmingsplan buitengebied is dat er geen nieuwbouw mag worden gepleegd tenzij er een maatschappelijke noodzaak is. Naar zijn mening is er geen noodzaak voor een tankstation bij Redu- zum en derhalve is er geen noodzaak van de hoofdlijn van het bestemmingsplan af te wijken. De hear Janse seit dat it korrekt is dat it kolleezje dit útstel yn de ried bringt. Hy wiist der op dat yn it bestimmingsplan bûtengebiet oanjûn is dat der benzinestasjons realisearre wurde meie op plakken dy't dêr foar oanjûn binne. De ried hat dat bewust sa steld. Doe al hat de ried dus sein dat dit gjin geskikte lokaasje is foar in tankstasjon. De arguminten fan de ried binne frij stevich, benammen de lânskiplike ynpasberens. HOs en Hiem hat dat fêst oer de kop sjoen. It kin de master misse. It foech om in eksploitaasje-oerienkomst goed te karren leit net by de ried. It foech leit by it kolleezje om 't it om in bedrach ûnder de f 100.000,00 giet. Hy hat gjin antwurd krigen op de fraach oft it in goe de Ontwikkeling is dat in Ondemimmer in bepaald bedrach fan syn omset oan de gemeente betelje moat. Hy soe dêr graach ris mei de ried oer prate wolle. Syn fraksje fynt dat yn elts gefal betinklik. De hear Van der Meulen seit dat it kolleezje ek wol wat earder oan 'e ried dúdlik meitsje kind hie hokfoar konsekwinsjes in ôfwikend riedsbeslút hawwe sil. De foarsitter leit sa wol in behoarlike druk op de ried. It byld dat de foarsitter sketst is net alhiel krekt. It bestimmingsplan bûtengebiet jout oan dat der op dizze lokaasje gjin plak is foar in tankstasjon. It kolleezje hat dêrmei al in hânfet. Syn fraksje fynt no dat yn it totale bestimmingsplan bûtengebiet gjin plak mear is foar tankstasjons om't der gjin needsaak is in tankstasjon yn it bûtengebiet te setten. Foar in útsûndering moatte hiele swierwaagjende arguminten wêze en dy binne der yn dit gefal net. It argumint dat it yn it be stimmingsplan net tastien is, is swier genóch. As it kolleezje dit earder by de ried neifrege hie wie dizze hiele aksje net nedich west. De Ondemimmers hawwe goed hannele troch earst in prinsipebe- slút te freegjen. As it kolleezje wiis west wie hie it prinsipefersyk earst yn 'e kommisje oan 'e oar- der kaam. De hear Postma seit dat wol bliken docht út de beäntwurding dat it kolleezje mei dit fersyk yn 'e mage sit. Ut de beäntwurding hellet hy dat der wol deeglik in risiko-elemint yn dit útstel sit en dat de kwaliteit fan de arguminten tige wichtich is. Draachflak sa sei de wethâlder, is tige wichtich: er hie breder oerlis fierd wurde moatten. Soe it op basis fan dizze diskusje yn de ried om nochris mei de belutsen partijen om tafel te gean oer de fraach hoe dit probleem op in adekwate wize tackele wurde kin. Syn fraksje hechtet uteraard oan in goed draachflak. Syn fraksje fynt it tige wichtich dat der foarsichtich omgien wurdt mei de kwaliteit fan it iepen lânskip. In tankstasjon by Reduzum taastet it iepen lânskip oan. Boppedat is it bestimmingsplan bûtengebiet helder: it kin net of it moast wêze dat der in frijstelling ferliend wurdt. Side 5 notulen ried 28-08-2001 /absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 7