Wethâlder Bouma seit dat it fersyk om in prinsipebeslút ek foar te lizzen oan de kommisje sil be praten wurde. Om in bestimmingsplan net hielendal ticht te timmerjen is er de mooglikheid fan in frijstelling. It is de fraach hoe't dêr mei omgien wurdt. Jo soene alle oanfragen fuortendaliks wol wegerje kinne om't se net passé yn it bestimmingsplan, mar dat sil ek seker net de bedoeling fan de ried wêze. It giet no dus fral om de fraach oft de arguminten dy't de ried hat om it fersyk te wegerjen sterk genôch binne. Hûs en Hiem hat seker ek goed sjoen nei de omjouwing. Op side 6 stiet hiel dúdlik omskreaun hoe't der mei in eksploitaasje-oerienkomst omgien wurde moat. It freeg- jen fan in jierlikse bydrage fan de eksploitant wurdt lanlik al mear dien, mar it is de earste kear foar Boarnsterhim. De ûndernimmer is mei dizze betingst akkoart gien. In petear mei alle partijen liket it kolleezje net nedich: de stânpunten binne dúdlik. De foarsitter seit dat hy yndied mei in sekere druk sprutsen hat. Dat hat hy net dien om de ried achter it kolleezje te krijen mar om dúdlik de goede arguminten te finen om it fersyk óf te wizen. Emoasje en ratio stride hjir om de oerwinning. Net mei emosjonele arguminten mar mei stevige, ju- ridysk ferantwurde arguminten sil de ried dit fersyk ófwize moatte, as de ried dat wol. De heer Smittenberg stelt voor dat het college het voorstel terugneemt, zodat er geen afwijzend raadsbesluit komt zonder een stevige juridische ondergrond. De hear Van der Meulen seit dat de ried net fan it kolleezje heard hat oft de arguminten dy't de ried nei foaren brocht hat swierwaagjend genóch binne om it fersyk óf te wizen. De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 21.25 oere foar berie yn it kolleezje. Hy iepenet de gearkomste wer om 21.26 oere. De foarsitter seit dat it kolleezje oerwaacht om it útstel werom te nimmen. It kolleezje stelt út troch in brief witte te litten hoe't de flage der byhinget en hoe't de proseduere krekt ferrinne moat. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje fynt dat der no wol in beslút nommen wurde kin. De saak is út en tenei bepraten. It iennichste dat wat skeef leit, is de eksploitaasje-oerienkomst dy't troch de boargemaster dndertekene is. Hokfoar ferplichtings jout it as de ried it útstel net oannimt. In beslút foarútskowe jout allinne mar wer betizing en ûnwissigens. Wat syn fraksje oanbelanget komt der gjin tankstasjon by Reduzum. De hear Van der Meulen seit dat de ried rjocht hat om de miening fan it kolleezje te witten oft de arguminten fan de ried oannimlik binne as net. De hear Janse freget de foarsitter de gearkomste tydlik te sluten. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje fynt dat de arguminten fan de ried sterk genóch binne. Der kin no wol stimd wurde. Wethâlder Bouma seit dat de yndruk ûntstean kinne soe dat de eksploitaasje-argumint it meast swierweagjende argumint fan it kolleezje is om mei te wurkjen oan it fersyk en dat is seker net sa. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 21.32 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 21.47 oere. De hear Janse seit dat syn fraksje tinkt dat de arguminten fan de ried sterk genóch binne om tsjin it útstel te stimmen. Syn fraksje wol no fuortendaliks stimme. notulen ried 28-08-2001/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 8