De hear Van der Meulen seit dat it fan grut belang is dat de it kolleezje no syn miening jout oer de gong fan saken en de arguminten fan de ried beoardielet. Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje no net by steat is om alle arguminten juridysk en ynhâldlik te toetsen. Dêrom stelt it kolleezje út it útstel werom te nimmen. De foarsitter stelt út dat de gemeentesiktaris efkes hjiroer it wurd krijt. De heer Van der Starre zegt dat er onderscheid moet worden gemaakt in enerzijds het beliedsmati- ge, inhoudelijke deel en anderzijds de juridisch relevante interpretatie daarvan, die van groot belang wordt bij een eventuele bezwaar en beroepsprocedure. Het voorstel van de heer Smittenberg is naar zijn mening de meest veilige weg. □e hear Van der Meulen seit dat der no troch it kolleezje dúdlikheid jûn is. Dit jout him oanlieding om in tydlike sluting fan de gearkomste te freegjen. #De heer Smittenberg zegt dat het college niet aan de raad hoeft te vragen of hij het voorstel terug neemt. Dat is een verantwoordelijkheid van het college. De hear Postma dielt dizze miening. It kolleezje moat de romte krije om de arguminten fan de ried oan in juridyske toets te Onderwerpen. De foarsitter seit dat it kolleezje it útstel weromnimt. Hy hat it gefoel dat as it kolleezje it útstel we- romnimt der gjin reden mear is foar in tydlike sluting fan de gearkomste. 8. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen ta it pleatsen fan in "mobile home"op it perseel Slûs 1000 te Terherne. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 9. Utstel ta it fêststellen fan in beliedsline oangeande ynstekhavens yn it bûtengebiet en it weger- jen fan in bouplan foar de oanlis fan in ynstekhaven oan de Leppedyk 50 yn Akkrum. De hear Janse seit dat syn fraksje akkoart gean kin mei punt 2 fan it útstel. Mei útstel 1 wol hy noch net meigean. Hy fynt dat der in apart útstel foar komme moat. Hy tsjinnet hjiroer in amende- mint yn. Oe hear Van der Meulen seit dat syn fraksje it belied punt 1 fan it útstel) breder yn e kommisje beprate wol. Mei punt 2 kin syn fraksje ynstimme. De hear Aukes wol by dit útstel noch belûke dat it histoarysk perspektyf fan de ynstekhavens eins ek oan 'e oarder komme moat. It feit dat it oan de Leppedyk om in stik wei giet is net in oannimlik argumint. Wethâlder Bouma seit dat der in beliedsline fêststeld wurdt en net in wiidweidich belied. Sa is der ek yn de kommisje oer praten. Sy seit ta dat der oer dy beliedsline yn 'e kommisje praten wurde sil. It kolleezje tinkt mei dizze beliedsline genôch hânfetten te hawwen foar in goede toetsing fan oan- fragen. De hear Janse seit dat syn fraksje dochs wol dat it belied apart behannele wurdt. Dat is ek yn e kommisj<Tsa~öan 'e oarder west. De ûnderdielen a, b en c binne nei syn betinken te grof. Steane we sa juridysk sjoen stevich genóch? Side 7 notulen ried 28-08-2001 /absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 9