Mefrou Wegman seit dat har fraksje noch wat sit mei de sprekoerepunten. Wat binne de mooglikheden dy't de gemeente hat. Binne der noch stimulearjende maatregels fan 'e gemeente te ferwachtsjen. Har fraksje kin wol ynstimme mei it útstel, al is it net fan herten. Se is seker net gelokkich mei de hiele gong fan saken de ôfrûne jierren. Mefrou Santema seit dat har fraksje net bliid is mei it bestjoerlike trajekt fan de ôfrûne jierren. De grize giet har oer de grauwe as se lést wat der yn it útstel stiet oer de behanneling yn de riedskommisje. Sy wie yn de kommisje hielendal net posityf. It iennichste rjocht dat de gemeente no noch hat is it opsisrjocht. Mei oare wurden, de gemeente stiet mei de rêch tsjin de muorre. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie met gepaste ellende kennis heeft genomen van de treurige ontwikkelingen rondom het algemeen maatschappelijk werk. Fuseren lijkt in deze tijd wel een doel op zichzelf. De raad doet er goed aan alle fusieprogramma's zeer kritisch te beschouwen. Deze fusie is een enorm fiasco geworden. De vraag is hoe hier grip op de krijgen is. Het gaat tenslotte weer om geld van de burgers. Zijn fractie gaat noodgedwongen akkoord met het voorstel, met als opmerking dat de uitbreiding van het formatiebestand met 0,43% in een zo laat mogelijk stadium gestalte moet krijgen eind 2003). Zijn fractie wil niet tegen elke prijs meedoen, mocht de helft van de gemeenten afhaken. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje om't it wurk tige wichtich is, ynstimme kin mei it útstel. It is spitich dat de fúzje net slagge is en grut is dus blykber net altiten goed. Sy wol graach dat de ried de yntinsje útsprekt dat de sprekoeren yn ús gemeente bliuwe kinne. Wethâlder Bijlsma seit dat de ried yn 1995 besletten hat mei ien organisaasje fierder te gean. It budzjet is doe ferlege mei 5 ton. Foar de fúzje op himsels wie gjin jild beskikber. Dat betsjutte dat de Stichting AMW Fryslân net de kâns krigen hat om út te groeien ta ien folsleine, goed funksjonearjende organisaasje. Boarnsterhim is de léste fan de 23 gemeenten dy't in posityf beslút nimme sil. Der wurdt in hiel fynmazich netwurk makke fan sprekoerepunten. Dêrfoar wurdt oansluting socht by de húsdokters. Mefrou Santema is bliid mei it antwurd oer de sprekoerepunten. Sy hopet dat der op it plattelân in hiele protte húsartsen bliuwe. Mefrou Wegman is net hielendal gerêst op de oansluting dy't by de húsdokters socht wurdt foar de sprekoerepunten. Miskien kin de gearwurking útwreide wurde mei it bedriuwsmaatskiplik wurk o. oare akkommodaasjes of kantoarromten. Wethâlder Bijlsma is it net mei mefrou Santema iens dat dit beslút mei de rêch tsjin de muorre nommen wurde moat. Dizze slach hie yn 1995 al makke wurde moatten. Krekt as de húsartsen fait it maatskiplik wurk Onder de earstelijnssoarch. It is dus logysk dat it maatskiplik wurk oansluting siket by de húsdokters. De gemeente hat gjin foech mar dér wêr't it needsaaklik is sil wat de húsartsen en it maatskiplik wurk oanbelanget alle war dien wurde om goede soarch te garandearjen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 13. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan kêst 21 fan de Wet op de Romtelike Oardering. De foarsitter seit dat it kolleezje mei in oanfoljend stik kommen is. Dat makket diel út fan it útstel. De hear Aukes seit dat syn fraksje tsjin 1.1. Biensma 3/Frisia is. Side 8 notulen ried 16-10-2001 /absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 10