De hear Janse seit dat syn fraksje grutte muoite hie mei it útstel oangeande Frisia benammen om t der gjin ûndêrîizzend stik wie. De ried hat it foech ôfstien oan it kolleezje yn alle betrouwen dat as ditsoarte saken him foardwaan soene der in goed beslút nommen wurde koe. Hy stelt út om it tariedingsbeslút op te skowen oant de saak yn de kommisje behannele is. De hear Postma slút him oan by it útstel fan de hear Janse. Ek benammen fanwegen it feit dat hy konstatearre hat dat it gebiet fan it Aquaverium trochskood is nei Frisia. Dêr moat yn elts gefal langer by stilstien wurde. De hear Zijlstra seit dat it in goede saak is dat it kolleezje mei in oanfolling op it útstel kommen is. Wethâlder Bouma seit dat it net sa is dat it útstel oangeande Frisia fan de wurklist helle is. Der sil net earder gebrûk makke wurde fan it delegaasjebeslút as dat de ried kennisnommen hat fan it foarûntwerp fan it bestimmingsplan. In tariedingsbeslút is nedich om net winske Ontwikkelingen tsjin te gean. De hear Aukes seit dat syn fraksje der beswier tsjin hat dat it Aquaverium by Biensma 3 belútsen wurdt. Synfräksje fynt it net kret dat tredden mei betelje foar de boppewykse foarsjennings en de ynfrastruktuerele foarsjennings. Syn fraksje bliuwt by syn stânpunt. De hear Janse seit dat hy útstelt it punt 1.1fan 'e wurklist óf te heljen en earst yn de kommisje te behanneljen. Yn it útstel wurdt net sprutsen fan beskerming mar fan antisipaasje. Mar beide, sawol antisipaasje as beskerming binne net nedich. It plan Frisia beslacht in grut part fan it bestimmingsplan Biensma 2; 100 meter besuden it kanaal oant de noardgrins fan Biensma 2. Dizze grûn hat de bestimming "wetterbûne bedriuwen, kategory B2 en B3". It noardlike part hat in agraryske bestimming. Der sit net in protte ferskil tusken "wettersportbûn" en "wetterbûn De hear Postma seit dat syn fraksje soargen hat oer it ynbêden fan it Aquaverium yn it bestimmingsplan. It kolleezje hat yn in ferme brief oanjûn wat de posysje is fan it Aquaverium binnen it bestimmingsplan Biensma 2. Dy bepalingen moatte, ek yn it nije bestimmingsplan, fan kracht bliuwe. Yn de media advertearret it Aquaverium mei in brede horekafunksje mei alles der op en der oan. Syn fraksje fynt dat in hiel gefaarlike Ontwikkeling en dêr moat tige kritysk nei sjoen wurde. Jou se net in fingerbreed romte, dat wie ek de yntinsje fan de rie. It skowen fan it iene nei it oare bestimmingsplan is hiel gefaarlik en hy soe dat absolút net tastean wolle. De heer Smittenberg zegt dat hij de heer Aukes niet kan volgen in de wijze waarop hij een verband legt tussen aan de ene kant een exploitatieovereenkomst en aan de andere kant een procedure WRO. De presentatie en de formulering van het voorstel is ongelukkig. Hij vraagt de wethouder welke ongewenste ontwikkelingen er mogelijk zijn. Als bescherming noodzakelijk is, is hij natuurlijk voor het voorstel. De hear Van der Meulen seit dat hy yn de ried in wantrouwen yn it kolleezje priuwt. De ried fynt it net nedichj of hat der gjin fertrouwen yn) dat dit beslút nommen wurdt wylst it kolleezje it wol nedich fynt. Hy sjocht gjin arguminten om tsjin it útstel te stimmen. Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje temjitte komme wol oan it fersyk fan in goede behanneling yn 'e riedskommisje. Der wurde alle moannen tariedingsbesluten nommen. Der is oan de kommisje tasein dat de planûntwikkeling oan de kommisje foarlein wurde sil. It wurd fertrouwen is miskien wol net sein, mar tusken de rigels wie dat wol te priuwen. It kolleezje hat gjin inkele bybedoeling mei dit útstel. Side 9 notulen ried 16-10-2001 /absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 11