De foarsitter seit dat it brief oan it Aquaverium noch hyltiten it útgongspunt is fan it belied. Hy stelt út oer it útstel te stimmen. Nei de persoanlike stimming oer punt 1.1 docht bliken dat it (oanfolde) útstel fan it kolleezje mei 11 stimmen foar en 5 stimmen tsjin oannommen is. Tsjin Onderdiel 1.1 hawwe stimd de leden Van der Sluis, Santema, Veldstra, Aukes en Janse. Foar it oare wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 14. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen foar it oprjochtsjen fan in trainingshal by it perseel Grêft 4 yn Warten. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 15. Utstel om yn begjinsel meiwurking te ferlienen oan de bou fan in oerdekt terras by it café "De Fantast" yn Jimsum. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 16. Utstel oangeande de sjochwizen tsjin de bouoanfraach foar it realisearjen fan in opberchhaven op it perseel Leechlân 4 yn Grou. De hear Aukes seit dat syn fraksje tsjin dit útstel is om reden dat hy de sjochwizen stipet. Wethâlder Bouma seit dat dit yn it bestimmingsplan bûtengebiet kin. De arguminten binnen ek al earder wiksele. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan de V.V.D. wurdt achte tsjinstimd te hawwen. 17. Utstel ta it wegerjen fan in bouplan foar it oprjochtsjen fan in tankstasjon op in perseel oan de Snitserdyk yn Reduzum. De heer Smittenberg zegt dat tot op dit moment de bouwaanvraag niet ingetrokken is. Er kan dus nu een besluit worden genomen. De hear Van der Meulen freget nei de status fan it brief dat krekt útrikt is oan de riedsleden. Syn fraksje is wiis mei it útstel fan it kolleezje. De wize wêrop dit útstel ta stân kommen is, fertsjinnet lykwols net de skientmepriis. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje bliid is mei dit utstel. De hear Janse seit dat it him deugd docht om te sjen dat de arguminten tsjin in tankstasjon deselde arguminten binne as dy't destiids yn de riedsgearkomste neamd binne. It brief fan de VEM feroaret syn stân punt net. Der moat net wer soks útlokke wurde troch earne in protte rommel lizze te litten. De rommel moat opromme wurde. Wethâlder Bouma is bliid mei de ynstimmende wurden. De rommel leit op grûn fan de provinsje. Wethâlder Bijlsma seit dat it foech om hanneljend op te treden ris besjoen wurde sil. De foarsitter slút net út dat de rommel der mei ynstimming fan de gemeente leit. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 18. Utstel ta it wizigjen fan de leezjesferoardering 2001. Side 10 notulen ried 16-10-2001 /absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 12