De hear Roorda seit dat syn fraksje ynnommen is mei it oanpaste útstel. Hy nimt oan dat de neamde 1 5 minuten jildet as in soarte fan basistaryf. It liket him goed om de ûnderfinings oer in jier te evaluearjen en te besjen oft it omboud wurde moat ta fêste bydragen foar in oanbeane tsjinst. Dat hat nammentlik in tal foardielen, sa as it net mear tiidskriuwen. De foarsitter seit in evaluaasje nei in jier ta. Tiidskriuwen bart fansels wol om goed witte te kommen wat in produkt krekt kostet. De hear Roorda seit dat fêste bedragen oan de hân fan produktdefinysjes it tiidskriuwen fergemaklikje kinne. De foarsitter slút om 22.50 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan de ried foar harren bydrage oan diskusje en beslútfoarming. Hy winsket eltsenien wol thús. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 13 novimber 2001, de s sitter, (R.P. van der Starre) (Y. Dijkstra) Side 11 notulen ried 16-10-2001 /absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 13