BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 16 oktober 2001 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: Ofwêzich: Foarsitter: Siktaris: de froulju J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra- Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. mefrou K. van den Berg-Wiersma de hear Y. Dijkstra, de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder: 1. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 28 augustus 2001 en 25 septimber 2001. De ferslaggen wurde net feroare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmer 2: Mefrou Veldstra stelt út in mienskiplike réaksje út de ried wei te jaan op dit brief om t de skriuwer in fraach foarleit oan de ried. Der wurde wol mear, goede en faak ferhelderjende brieven oan de ried rjochte, mar dit brief is der fier by troch. Hjir wurdt minsken persoanlik skea tabrocht en dat kin absolút net. De heer Smittenberg vindt dat er niet gereageerd moet worden op deze brief. De foarsitter seit dat it kolleezje fan betinken is dat der net tefolle oandacht oan dit brief bestege wurde moat fanwegen de op syn minst net saakiike ynhâld. It kolleezje sil ferslach dwaan fan de ôfdwaning fan dit brief. Nûmer 3: De leden Santema, Wegman, Van der Meulen, Janse en Smittenberg wolle dit stik graach yn de kommisje besprekke. Wethâlder Bijlsma seit dat Friens al it maksimum bedrach oan subsydzje krigen hat. Der is tasein dat der noch socht wurde sil nei de mooglikheden fan in oanfoljende subsydzje. Dêr komt fia it kolleezje noch in útstel oer oan kommisje en ried. Nûmer 7: De leden Jonkers, Wegman, Santema, Van der Meulen en Smittenberg wolle graach oer dit stik yn de kommisje prate. notulen ried 16-10-2001 /absh/t

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 3