Wethâlder Bijlsma seit dat de gemeente net ferplichte is om te subsidiearjen yn de húsfesting. It pcbo hat dizze kar seis makke. De oanfraach is ôfwiisd mei de tasizzing dat by nijbou yn Akkrum rekken hâlden wurde sil mei de winsk om dêr húsfesting te realisearjen foar it boppeskoals manazjemint. It kolleezje wol dit brief dêrom net behannelje yn de kommisje. De foarsitter seit dat it pcbo de mooglikheid hat beswier fia de kommisje berop en beswier yn te tsjinjen. De hear Van der Meulen seit dat it dochs gebrûklik is dat der yn de kommisje praten wurde kin oer sa'n soarte fersyk. De foarsitter seit dat der wol yn de kommisje oer praten wurde kin, mar it moat net de yndruk jaan dat dat paad ta sukses liede sil. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 3. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de kosten fan tarieding fan de Middelseerüte. Mefrou Santema freget wat it antwurd fan it kolleezje wie op it brief fan 7 juny 2000. Yn dat brief waard in antwurd foar 1 augustus 2000 frege. Wêrom is hjir nea oer praten yn de kommisje W&R. Dêr wie wol alle gelegenheid ta om't mannich kear de kommisjegearkomste net trochgie by gebrek oan wurklistpunten. De heer B. de Jong zegt dat over dit onderwerp al uitgebreid is gesproken. Hij zegt dat het gebruik van percentages een open-eind-constructie inhoudt. Zijn fractie had liever gezien dat er voor een vast bedrag was gekozen. De hear Janse seit dat it hjir om in hiel grut projekt giet dat diel útmakket fan it plan Fryske Marren. Der wurdt no yn dit projekt ek in fytspaad tusken Reduzum en Skearnegoutum oanlein. Dit makket it projekt foar syn fraksje in stik gaadliker. Syn fraksje pleitet der foar dat straks ek de Snitser Aldfeart by de plannen belutsen wurdt om sa de Lege Geaen ek fan dit projekt profitearje te litten. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie akkoord gaat met het gevraagde krediet. Door nu A te zeggen zegt de raad ook B. Dus ook voor de projectuitvoering. Zijn fractie had het wel zo aardig gevonden als nu ook de consequentie van dit krediet aan de orde was gesteld. Naar zijn weten zijn de ramingen voor de projectuitvoering bekend. Deze bedragen zo'n 31 miljoen. Zijn fractie vraagt of dt gemeente hier ook naar rato voor wordt aangeslagen. Dit zou dan inhouden dat de gemeente Boarnsterhim nog f 350.000,00 zal moeten bijdragen. Wethâlder Bouma seit dat yn de kommisje oer it plan fan oanpak Fryske Marren praten is. Dêr wie mear ynformaasje dan allinne oer dit punt, dat al by de maitiidsnota 2001 opnommen is. Der is ôfpraten dat as it oan de útfiering ta is dêr yn de kommisje wer oer praten wurde sil. It kolleezje hat besocht in fêst bedrach opnommen te krijen. Dat sil ek nochris skriftlik oan de stjoergroep melden wurde. It bedrach koe likegoed dit jier betelle wurde, dêrom is behanneling no ek net te let. Mefrou Santema seit dat de Middelseerüte in opstekker is. Sy is ek bliid dat der sa sydiings no wer in fytspaad bykomt. Sa sydiings binne der yn dizze perioade al mear fytspaden kommen of sille komme, sa as it fytspaad fan Aldeboarn nei De Deelen, it fytspaad fan Reduzum nei de gemeente Ljouwert, it fytspaad oer it akwadukt nei Ljouwert en it fytspaad fan Dearsum op nei Littenseradiel. We hawwe hast mear sydlingse fytspaden as fytspaden yn de ferbiningsas. De hear Janse freget omtinken foar it Dilleslúske. Dat soe ek meinommen wurde moatte. Side 2 notulen ried 16-10-2001 /absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 4