Wethâlder Bouma seit dat it hiel moai wêze soe as der aanst oanslutende fytspaden komme dy't mei elkoar yn ferbining steane. Sy sil omtinken freegje foar it Dilleslúske. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 4. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de oankeap fan grûn yn Wergea west. De hear G. de Jong seit dat de minsken dy't dit oanbelanget noch in protte achtergrûnynformaasje misse. De bylagen leine allinne foar de ried op besjen en dat is in miste kâns. Yn Wergea wie men hiel bliid mei de kar fan in hiel tal jierren lyn, om 100 wenten dêr te bouwen. Hy is bliid dat it kolleezje oant no ta de rêch rjocht hâlden hat. Syn fraksje wie it earder ek iens mei de bou yn Wergea east. Men hat te min foarljochting hân oer alle ynspannings dy't it koste hat om dy 100 wenten nei Wergea te krijen. No kiest it kolleezje foar west om't der gjin ûnderhannelings mear mooglik wiene. Der binne flaters makke yn de foarljochting. It kolleezje hie der wêze moatten op de foarijochtingsjûn om te praten mei de omwenners. Syn fraksje kin lykwols ynstimme mei it útstel, mar hy wol wol graach dat der in oplossing komt foar de beswieren. De heer B. de Jong zegt dat toen vorig jaar bleek dat er geen onderhandelingen meer mogelijk waren, is dat uitgebreid in de commissievergadering besproken. Het alternatief is ook besproken en er is een krediet voor Wergea west gegeven. Argumenten zijn voldoende gewisseld. Wat hem bevreemdt is de steeds weer opklinkende roep om bemiddeling tussen de projectontwikkelaar en de gemeente om toch in Wergea oost te kunnen bouwen. Vooral gezien het juridische advies dat heel duidelijk was om niet in te gaan op de wens van Rotij om de onderhandelingen te heropenen. Zijn fractie kan instemmen met dit voorstel. Mefrou Santema seit dat har fraksje ynstimt mei de oankeap fan grûn foar de bou fan 100 wenten. Yn it struktuerplan is oanjûn dat der yn Wergea east boud wurde soe. It wenplan jout oan dat Wergea groeie mei. Yn de kommisje is frege om útstel om sicht te krijen op de helberheid fan de bedriuwsferpleatsing nei de Greate Mar. Utstel hie ek de mooglikheid jûn om mei it hiele doarp te praten om draachflak te krijen. No is der allinne mei de omwenners fan Wergea west praten wylst yn 1995-1996 ûnder de ynspraak struktuerplan Wergea de hiele befolking meisprekke koe. Wêr is de demokrasy? Utwreiding yn Wergea east waard breed drûgen troch de befolking. It is wrang dat de gemeente gjin oerienstimming krije koe mei de projektûntwikkeler yn Wergea súd-east. No binne der oare eigeners dy't wol oan de betingsten fan de gemeente foldwaan wolle. De wethâlder hie op syn minst ris mei harren prate kinnen. Der wiene seis minsken yn de ried dy't wol as mediator optrede woene. De hear Janse seit dat syn fraksje leaver boud hie yn Wergea east. Mar der wie mei de projektûntwikkeler gjin goede deal te sluten. Dêrom leit no dit útstel foar. Hy hie net ferwachte dat dit útstel der sa gau al lizze soe. In komplimint foar de wethâlder. Syn fraksje wol graach dat alle war dien wurdt om oan de beswieren yn 'e mjitte te kommen. Syn fraksje kin ynstimme mei dit útstel. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie zeer ongelukkig is met dit raadsvoorstel en hij zal uitleggen waarom. Er is een besluit genomen om te komen tot de Staandemast-route en het tracé van die route is bepaald. Om dit te financieren moest er geld worden gehaald uit woningbouw. Dit zou geen probleem opleveren gezien de grote vraag naar wonen aan het water. Het uitgraven van een kanaal betekent dat er ten minste één agrarisch bedrijf moet verdwijnen. Er volgden uitermate moeilijke onderhandelingen met de projectontwikkelaar die inmiddels eigenaar van de grond was. Nu is er inmiddels een andere projectontwikkelaar en dat is een punt van belang. Vanwege de moeizame onderhandelingen heeft de gemeente besloten de uitbreiding in Wergea west te realiseren. Zijn fractie herinnert het college er aan dat in de Koepelnotitie Stadsgewest Leeuwarden gekozen is voor waterrijk wonen in Wergea. Er zal dus een water-gerelaterde woonwijk moeten Side 3 notulen ried 16-10-2001 /absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 5