zou onfantsoenlijk zijn nu terug te keren naar Wergea oost. Is de verplaatsing van het agrarische bedrijf goed geregeld, bij wie ligt het risico? Wat de voorlichting betreft: mensen maken zich zorgen over hun woonomgeving. Er moet dus inclusief gedacht worden voor een goede en zinvolle communicatie met de belanghebbenden. Mefrou Santema seit dat op 19 septimber 2000 der besluten is om in helberheidsûndersyk nei Wergea west te dwaan. Der is dus doe noch net definityf besletten. Yn Wergea is hiel lang praten oer de kar tusken east en west. De projektûntwikkeler fan no hat hiel oare lûden hearre litten. Har fraksje fynt Wergea west in hiel grut finansjeel risiko, ek fanwegen de bedriuwsferpleatsing. Ek de bedriuwsferpleatsing yn east sil betelle wurde moatte troch de boargers fan Boarnsterhim. Der is allinne mar mei in lyts groepke omwenners praten. It is begryplik dat der dan sa reagearre wurdt. Har fraksje sil tsjin it útstel stimme. De hear Van der Meulen seit dat twa partijen blykber net meigean wolle mei it útstel fan it kolleezje wylst hy tinkt dan der gjin oare kar is. As jo sizze dat der wol in oare kar is, dogge jo de ynwenners fan Boarnsterhim gjin rjocht en sprekke jo de wierheid net. De projektûntwikkeler hat tiid genôch hân om te reagearjen. Pas doe't it kolleezje al de earste stappen setten hie yn de ûnderhanneling mei de eigeners op west kaam de projektûntwikkeler yn aksje. It soe net goed wêze no werom te gean. In oerheid kin dat net dwaan. Foarljochting is tige wichtich foar de ynwenners. Yn ditsoarte gefoelige saken heart it kolleezje seis fertsjintwurdige te wêzen. Hy wol noch graach in antwurd op de fraach oer de risiko's dy't de gemeente rint. Wethâlder Bouma seit dat it yndied ûnbehoarlik wêze soe as der no werom gien wurdt fan west nei east. Achterôf besjoen wie it miskien wol better west dat sy op de foarljochtingsjûn west wie. It wie lykwols net it doel om dêr al breedút in presintaasje fan de plannen te jaan. De jûn is útgien fan pleatslik belang mei de stipe fan de gemeente. It is hiel goed dat kolleezje en ried mei-elkoar eigen betingsten stellen foar de plannen en dat de gemeente net ófhinklik is fan de projektûntwikkeler. It hoecht ek perfoarst net sa te wêzen dat de gemeente alles seis docht. Nei oerlis mei de provinsje oer de bedriuwsferpleatsing giet it kolleezje der fan út dat dy ferpleatsing slagje sil. De foarsitter konstatearret dat de fraksjes fan Gemeentebelangen 2000 en V.V.D. tsjin it útstel binne. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksjes fan Gemeentebelangen 2000 en V.V.D. wurde achte tsjinstimd te hawwen. 5. Utstel ta it fêststellen fan de útgongspunten fan it ferkeap- en ferhierbelied fan perselen wetter. De hear Janse seit dat syn fraksje leaver sjoen hie dat der earst ynventarisearre wie en dat dêrnei it belied ûntwikkele wie. Syn fraksje stimt wol yn mei it útstel om't der op koarte termyn ynventarisearre wurde sil. Wethêlder Bouma seit dat yn dizzen deselde metoade hantearre wurde sil as by de ferkeap fan grienstroken. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 6. Utstel om in bydrage beskikber te stellen oan de "Boarnsterstim". De heer Jonkers vraagt waarom de reserve welzijnsdoeleinden wordt gebruikt voor de bijdrage, terwijl er sprake is van een overdrachtsuitgave die aanvankelijk in de algemene middelen terecht is gekomen. Waarom heeft het zolang geduurd voordat de Boarnsterstim deze overdrachtsbijdrage mag incasseren. Wordt de bijdrage ook verhoogd met de wettelijke rente over 1999 en 2000? Zijn Side 5 notulen ried 16-10-2001 /absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 7