Mefrou Wegman freget hoe't it sit mei de net-gemeentlike gymsealen. Wa draait foar de kosten op? Kin men ek profitearje fan de ekspertize dy't de gemeente hat. Mefrou Santema freget ek oft it op 'e tiid klear wie. Wethâlder Bijlsma seit dat 15 oktober net helle is. Oare wike wurdt der starten en dan is alles begjin novimber klear. Der binne gjin net-gemeentlike gymsealen. Mar foar klaaigelegenheden by sportfjilden en âldereintehûzen jildt dat it de eigen ferantwurdlikheid is. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 9. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar in festiviteit yn it ramt fan it ynternasjonale jier fan de frijwilliger. Mefrou Veldstra winsket de wurkgroep in protte suskes. It budzjet liket har oan de krappe kant. De heer Smittenberg vraagt of er inmiddels sponsoren zijn gevonden. Wie zorgt voor de werving? De heer Jonkers vindt het organiseren van een festiviteit een zeer sympathiek gebaar. Sponsorgelden horen naar zijn mening niet bij het werk van vrijwilligers. Hoe is de stand van zaken? Zijn fractie voelt op termijn meer voor een jaarlijkse vrijwilligersprijs. Wethâlder Bijlsma seit dat it mei de sponsoring tige goed liket. As der mear minsken komme as ferwachte oft as de sponsoring úteinlik ôffalt, sil der mooglik in heger budzjet freger wurde. By de útrikking fan de sportpriizen wurdt der alle jierren al in frijwilliger fan it jier keazen. Miskien soe dat breder lutsen wurde kinne. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 10. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it "Okkie projekt". Mefrou Veldstra seit dat har fraksje bliid is dat it útstel oanpast is. Stel dat it projekt goed rint, wurdt der dan mear jild frege foar oare jierren? De tekoarten by de muzykskoalle soe sy belûke wolle by de begrutting 2002. De heer Smittenberg zegt dat zijn fractie verheugd is over dit initiatief. Het is goed ook de culturele ontwikkeling van kinderen te stimuleren. Hij hoopt dat de muziekschool er nog is als dit project afgelopen is. Is de stand van de reserve in- of exclusief het besluit onder nummer 8. Mefrou Wegman seit dat har fraksje mei aarzeling ynstimme wol mei it útstel foar it earste jier. Sy wol graach in evaluaasje nei dit jier. Sy tinkt dat ûnderwizers yn it basisûnderwiis dit mei wat kreativiteit ek seis wol dwaan kinne. Wethâlder Bijlsma seit dat yn it basisûnderwiis it muzykûnderwiis faak in "ondergeschoven kindje" is. Nei in jier komt it kolleezje mei in evaluaasje by de ried. De takomst fan de muzykskoalle hat neat te krijen mei it al of net trochgean fan it Okkieprojekt. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 11. Utstel ta it oanwizen fan beskerme gesichten Warstiens en Grou, wyk Oosterveld. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 12. Utstel oangeande it Algemien Maatskiplik Wurk. Side 7 notulen ried 16-10-2001 /absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 9