De hear Aukes seit dat it probleem fan de asylsikers net oplost wurdt mei 2 AZC's yn Boarnsterhim. As dizze minsken, en dat bedoelt hy de immigranten, útprosedearre binne, en dat is wier in doemscenario, wurdt men yllegaal en sokke minsken hawwe gjin oar perspektyf as de yllegaliteit. De heer Smittenberg maakt bezwaar tegen deze opmerkingen van de heer Aukes. Dit onderwerp is hier volstrekt niet aan de orde. Mefrou Wegman seit dat it te hoopjen is dat de rollen net in kear omdraaid binne en dat wy op 'e flecht moatte. Dan soene wy hiel bliid wêze dat de grinzen fan oare lannen net foar ús sluten wiene. De foarsitter seit dat hy net yngrepen hat yn de diskusje om't hy fynt dat de opfetting ek fan minderheden fan de ried nei foaren brocht moatte wurde kinne. De hear Janse seit dat net ien graach syn lân ferlit. As wy as it rike Fryslân dizze minsken net opfange kinne, wylst yn Pakistan miljoen minsken telâne kinne, dan skammet hy him. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje tige ynnommen is mei it útstel fan it kolleezje. De ried kin seis in beslút nimme oer hokfoar bestjoersoerienkomst der sletten wurdt. De FNP hat doedestiids in moasje yntsjinne foar in asylsikerssintrum fan 250 om de diskusje iepen te brekken. De heer Smittenberg denkt dat eerst het hele rapport aanvaard moet worden en daarna kan de raad instemmen met de conclusies. Hij neemt aan dat dat het geval is. Als de heer Aukes meent sneller een beslissing te kunnen nemen over wie hier wel en wier niet mag blijven moet hij direct bij de IND gaan solliciteren. Voor zover hij kennis heeft van het wel en wee van asielzoekerscentra dan heeft men in het algemeen geen spijt. Vaak is er weerstand tegen het verdwijnen van een asielzoekerscentrum. Op dit moment is nog niet uitgesloten dat de locatie Akkrum alsnog vervalt. Het is ook niet uitgesloten dat er in Grou geen geschikte locatie wordt gevonden of dat er een locatie met meer ruimte gevonden wordt. De discussie met het COA zal nog ten finale gevoerd moeten worden. Het op dit moment herroepen van het eerdere raadsbesluit is te vroeg. Hij is van mening dat het niet zo zinvol is zonder een locatie een discussie in Grou aan te gaan. De hear Van der Meulen seit dat de realiteit is dat net by de grins fan ús lân al in skieding oanbrocht wurde kin oer wa wol en wa net it lân yn meie. Dat kostet tiid en dêrom is it systeem sa't it is. Syn fraksje fynt dat der plak wêze moat foar in AZC yn Boarnsterhim. It is sa dat in AZC foar 400 minsken mei in folslein foarsjenningenniveau, sjoen de druk op de mienskip, faak nei in tal jierren hielendal akseptearre wurdt. De druk dy't in AZC op de mienskip jout hat it útgongspunt foar syn fraksje west. De hear Roorda seit dat de V.V.D. foarby giet oan de minsklike kant fan de saak. It docht ek ûnrjocht oan dyjingen dy't hjir nei in drege tiid oankommen binne. Flechtsje is gjin fakênsjereis. Hy hat gjin begryp foar it stânpunt fan de hear Aukes. Dat caravans net passé soene yn ús gemeente fynt hy ek in ûnsinnige opmerking. Hy freget wannear't de ûndersykresultaten ferwachte wurde kinne. Wethâlder Bijlsma seit dat it útstel is om yn Akkrum noch in ûndersyk te dwaan en yn deselde tiid te sjen nei in geskikte lokaasje yn Grou. Dêrnei sil ek noch mei de befolking fan Grou praten wurde moatte. As ynkoarten blike mocht dat Akkrum-East definityf geskikt is dan kin der yn de ried fan desimber in beslút oer nommen wurde. It hat op dit momint gjin doel it prinsipebeslút te werroppen. Side 14 Notulen ried 13 novimber 2001 /bvsm/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 16