De foarsitter seit dat der net yn Grou mei de befolking praten wurde moat foardat der in lokaasje bekend is. It kolleezje ûntriedt te moasje. Hy stelt út ta beslútfoarming oer te gean. As earste is de moasje, dêr't de tekst fan oanpast is, oan 'e oarder. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat de moasje mei 12 stimmen tsjin en 4 dêrfoar ferwurpen is. Foar hawwe stimd de leden Jonkers, Van der Sluis, Postma, Santema en Aukes. De foarsitter seit dat it kolleezje-útstel yn stimming brocht wurdt. Stimferklearring: Mevrouw Van den Berg zegt dat de beraadslagingen onderdeel zijn van de besluitvorming. In het vervolgproces zijn er nog beslispunten voor de raad. Dat is het uitgangspunt voor haar fractie. De foarsitter seit dat dy romte der is. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it kolleezje-útstel mei 12 stimmen foar en 5 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Jonkers, Van der Sluis, Postma, Santema en Aukes. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 23.45 oere foar in lyts skoft. Hy weriepenet de gearkomste om 23.55 oere. 5. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan de wietstrui-ynstallaasje en it oanskaffen fan in oanhingwein. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 6. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan trije bestelauto's. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 7. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan de frachtauto DAF 1900. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 8. Utstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan it bouplan foar it útwreidzjen fan de rioelwettersuveringsynstallaasje oan de Molesingel 2 yn Grou. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 9. Utstel oangeande prinsipefersyk om meiwuriking foar de bou fan in agraryske bedriuwswente op in perseel tichteby Greate Kritewei 1 yn Wergea. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 10. Utstel ta oerdracht fan de útfiering fan de Regeling ta it opfangen fan Asylsikers (ROA)/Soarchwet Vvtv. Mefrou Veldstra seit dat der hoeden mei de oerdracht oan it COA omgien wurde moat. It resultaat fan de oerdracht wol sy graach beprate yn de kommisje yn gearwurking mei de Stichting Vluchtelingenwerk. Mefrou Wegman slút har by dizze wurden oan. Mevrouw Van den Berg wil graag het verslag van het overleg van 9 oktober en 1 november in de commissie hebben. Side 15 Notulen ried 13 novimber 2001 /bvsm/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 17