BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 13 novimber 2001 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: Foarsitter: Siktaris: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. de hear Y. Dijkstra, de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder: 1It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 16 oktober 2001 Op fersyk fan de hear Janse wurdt op side 1, ûnderoan (by nûmer 7) syn namme fuorthelle as sprekker. Ynacht nommen dizze wiziging wurdt it ferslach fierder net feroare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmer 5: *Op verzoek van de heer Smittenberg zegt de voorzitter toe dat dit onderwerp zal worden besproken in de commissie. 3. Utstel ta: a. it fêststellen fan de begrutting 2002, de mearjierrerûzing 2003-2005 en it mearjierre- ynvestearingsplan 2002-2005. b. It fêststellen fan ferskate oarderings oangeande belestings en retribúsjes. De hear Roorda seit dat syn fraksje him ridlik ta goed fine kin yn de begrutting. De begrutting is ommers in goede oersetting fan de Maitiidsnota. De finansjele romte is beheind, ek sjoen it tal winsken dat der is. Syn fraksje tsjinnet in fjouwertal inisjatyfútstellen dan wol amendeminten yn. Hy Ijochtet dizze stikken ta. De tekst fan de inisjatyfútstellen en de amendeminten stiet hjirûnder. 1"Initiatiefvoorstel van de P.v.d.A: Betreffende het beschikbaar stellen van een budget ten behoeve van de inrichting en verhuiskosten van de bibliotheek te Grou. In overweging nemende dat: De verhuizing van de bibliotheek naar het nieuwe gebouw OSG/bibliotheek aan de RW 32 te Grou aanstaande is. - De bibliotheek dringend een nieuwe inventaris nodig heeft. - De nieuwe inventaris op korte termijn zal moeten worden besteld, om een tijdige levering en de verhuizing mogelijk te maken. Notulen ried 13 novimber 2001 /bvsm/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 3