de festiging fan in AZC oan 'e oarder is berikke syn fraksje neist in grut tal reële fragen fan de Stichting AON ek persoanlike en ûnnuansearre réaksjes wêrby de negative byldfoarming oer min- sken mei oare etnyske, kulturele en religieuze achtergrûn sterk trochklinkt. Dizze réaksjes wurde meastal ynjûn troch eangst foar it Onbekende. En eangst bliuwt in minne riedjouwer. Men moat jinsels realisearje dat in mulitikulturele mienskip in gegeven is. Beneierje de takomst iepen en be- sykje it positive derút te heljen. It is tige wichtich om meielkoar, gemeentebestjoer en ynwen- ners, de betingsten te skeppen foar in mienskip dêr't wy yn respekt mei elkoar omgeane. Syn fraksje fertrout derop dat dizze positve ynstek ek by de ynwenners fan Akkrum en Grou oanwê- zich is. Syn fraksje is fan betinken dat Boarnsterhim grut genôch is foar de opfang fan 400 as 500 asylsikers. Hy kiest dêrby foar in lytsskalige en sprieden opfang fan twa kear 250 yn de bei de grutste doarpen. Dit om't in lytsskalige opfang it béste past by de aard en skaal fan Os doar- pen. Boppedat is der yn dizze beide doarpen in breed foarsjenningenniveau. De fraksje stiet ach ter it rapport Vlek. De fraksje is fan betinken dat der no foldwaande ynformaasje is om in prinsi- pebeslút te nimmen, mar dan wol Onder sân betingsten dy't syn fraksje opnommen hat yn in amendemint. Dit om de ynwenners fan Akkrum Oost no einliks sekerheid te bieden. Der wurdt al twa jier praten oer in AZC yn Boarnsterhim wylst de flechtlingenproblematyk net ferbettere is. De tydlike opfang fan flechtlingen kin dêrom net langer Otsteld wurde. In soarchfâldige proseduere foar Grou sil noch flink wat tiid freegje. It rapport fan Oranjewoud is wat dat oanbelanget ek On der de mjitte om't net alle toetsingskriteria oan 'e oarder komme. Der is ûnfoldwaande dúdlikheid oer de ynset fan it kolleezje en wêr't de uterste akseptaasjegrins leit. Syn fraksje sjocht de festi- gingen yn Akkrum en Grou as in ienheid en sa moat ek de Onderhannelingen yngien wurde. Syn fraksje stiet in sa folslein mooglik foarsjenningenniveau foar. Dit is fan belang foar sawol de flechtlingen as de ynwenners fan Boarnsterhim. It is foar de ynwenners fan Akkrum Oost fan grut belang te witten wêr't men op rekkenje mei en wêrop men de ried oansprekke kin, ynklusyf de earder diene tasizzings. In transparante en soarchfâldige ferfolchproseduere kin bydrage oan it werstel fan de kommunikaasje en it skeinde fertrouwen. Literaard hopet hy dat dit beslút in start wêze kin foar in stik gearwurking en it tegearre sykjen fan oplossingen. De tekst fan it amende mint: "Amendement op grond van artikel 31 van het reglement van orde bij agendapunt 20 om trent de voortgang vestiging AZC. Met betrekking tot punt 3 van het voorstel: De raad van Boarnsterhim in vergadering bijeen stemt, in principe, in met de tijdelijke vestiging van een AZC op de locatie Akkrum Oost voor maximaal 250 bewoners en maximaal 5 jaar, mits: De realisatie van het beoogde kaatsveld gelijktijdig met het AZC plaatsvindt. - Het gebied -met uitzondering van het kaatsveldgedeelte- na vijf jaar zijn agrarische bestemming terug krijgt. - Er ook te Akkrum -vanaf het moment dat de eerste vluchtelingen er komen wonen- een tijdelijk AZC met een volwaardig voorzieningenniveau kan worden gerealiseerd, waaronder een eigen on derwijsvoorziening op het moment dat er meer dan 15 kinderen in de basisschoolleeftijd op het AZC woonachtig zijn. - De omwonenden, de St. AON, de Kaatsvereniging, Plaatselijk Belang via een nog op te richten overlegplatform nadrukkelijk bij de vervolgprocedure worden betrokken en er zoveel mogelijk re kening wordt gehouden met hun belangen. - De omwonenden een zware stem krijgen met betrekking tot zowel de inrichting als de ontslui ting van het terrein. - Zowel de aanleg (inclusief de geluidswerende maatregelen, de aanleg van de infrastructuur en de ontsluiting) als de exploitatie voor de gemeente budgetneutraal kan plaatsvinden. - Er binnen uiterlijk twee jaar een AZC te Grou wordt gerealiseerd." Syn fraksje heart graach oft it kolleezje ree is dit amendemint ta te heakjen oan de tekst fan it beslút. Hy freget de stipe fan oare fraksjes en is uteraard ree ta lytse oanpassings fan de tekst. It doel is om nei twa jier omwrakseljen mei dit fraachstik op' e nij en wat him oanbelanget yn grut te ienriedigens in ferfolchstap te dwaan en rjocht te dwaan oan de prinsipe-útspraak fan de ried fan 16-02-2000. Side 7 notulen ried 19-02-2002/szab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 11