BOARNSTERHIM
gemeente
NO T UL E N
Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 18 juny 2002 om
20.00 oere yn it riedshûs yn Grou.
Oanwêzich:
De leden fan de ried:
De froulju J. Dekker-Hoogeveen, T.D. Troost-Akkerman en E. Verkerk en de manlju
A. Bijlsma S. Bouma, J. Gerbrandij, S.G. Janse, G. de Jong, H.G. Postma, J. Roorda,
M. van der Sluis, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra.
Ofwêzich: de hearen N. Boringa, J. Hemminga en D. van der Meulen
De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders:
de froulju K. van den Berg-Wiersma en J. Bouma-van den Brink en de hear
H.A. Jonkers.
Foarsitter: de hear Y. Dijkstra.
Fice-foarsitter: de hear J. Roorda
Loko-griffier: de hear C.l. Koffeman
tasizzing)
1lepenjen.
De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de le
den Boringa, Flemminga en Van der Meulen behindere binne de gearkomste by te wenjen.
Hy stelt oan 'e oarder:
2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers.
Mevrouw Rotteveel wil graag het een en ander naar voren brengen in verband met de behandeling
van punt 9 van de agenda. De familie wil heel graag vrijstelling voor de bouw van een woning aan
de Wjitteringswei. De bouwaanvraag loopt al vanaf 1997. Zij willen graag vrijstelling ook omdat er
aan alle kanten gebouwd wordt.
3. It fêststellen fan de wurklist.
Op fersyk fan de hear De Vries wurdt punt 12 in B-stik. De wurklist wurdt foar it oare sa fêststeld.
4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 8 en 21 maaie 2002.
De ferslagen wurde ûnferoare fêststeld. De namme fan mefrou Dekker sil korrekt opnommen wur-
de.
5. Ynkommen stikken.
Nûmer 1
De hear Bouma fynt dat dit stik foar kundskip oannommen wurde kin.
De foarsitter seit dat it kolleezje dit stik ôfdwaan sil sa as de hear Bouma útstelt.
Nûmer 5:
De hear Bouma wurdt graach op 'e hichte brocht fan de útkomst fan it petear.
notulen 18-06-2002/absh/1