*Wethouder Jonkers zegt dat toe.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
6. Utstel ta it fêststellen fan de jierstikken 2001.
De hear Roorda seit dat syn fraksje fynt dat it jierferslach der hiel moai útsjocht. Hy seit dat der yn
de kommisje omtinken frege is foar de ferbetterpunten dy't de akkountant oanjûn hân. De wethâl-
der hat doe tasein dat der de kommende moannen hurd wurke wurde sil oan punten oangeande de
bedriuwsfiering. Syn fraksje kin ynstimme mei de proseduere oangeande de behanneling fan de
managementletter, mar it liket him hiel goed dat yn dat proses de ried op in goede manier belutsen
wurdt. It soe moai wêze dat as de akkountant yn de kommisje delkomt der tagelyk in plan fan oan-
pak fan it kolleezje leit. Syn fraksje hat soargen oer it wjerstânsfermogen, de reserveposysje en de
risiko's oangeandegrûneksploitaasje en personele saken en de gefolgen dêrfan foar de frije beste-
gingsromte. Hy freget hoe't it it takom healjier komme sil op it momint dat in tal konkrete fragen op
wolwêzensmêd op tafel lizze. It wolwêzensfûns hat noch mar €16.000,00 en der binne bygelyks
problemen mei de muzykskoalle. Hy tinkt dat it fûns net foldwaande wêze sil foar de rest fan dit
jier. Der soe besluten wurde kinne in lytse donaasje út it batich saldo ta te skikken oan it wolwê-
zensfûns. Hy freget dêroer de miening fan de oare fraksjes.
De hear Janse seit dat it jierferslach tige goed bylket. It hie lykwols sifermjittich wol wat koarter
om 'e bocht kinnen. Der is hiel wat wurk troch de amtners fersetten, dêrfoar syn kompliminten en
wurdearring. Posityf fynt hy dat der neist de Fryske tekst in Nederlânstalige oersetting makke is.
Syn fraksje freget wat it kolleezje dwaan sil mei de 4 oandachtspunten oangeande de ferbettering
fan planning en kontrol en dat graach noch foar de begrutting fan 2003. Hy wol graach de kom
mende jierren mear ynsjoch yn it wjerstânsfermogen mei in goede Onderbouwing. Syn fraksje mak
ke him soargen oer de oerskriedingen oangeande it ôffal ynsammeljen en ferwurkjen. Mar dêr is yn
de maitiidsnota al wat oan dien. Hy makket him noch wol soargen oer it grûnbedriuw. Hy ferwach-
tet fan it kolleezje dat hy meikoarten komt mei in notysje dêroer. Yn de kommisje hat hy fragen
steld oer it projekt Grou-noard.Om hokker kompleksen giet it? Boarnstee soe winst opleverje, mar
ferline jier is der in ôfboeking op 'e boekwearde west en it liket him dan sterk dat der no winst
makke wurde sil. Syn fraksje is fan betinken dat it oerboeken fan jild fan it iene nei it oare kompleks
as fan 'e reserves nei in kompleks net samar kin. Dat heard yn elts gefal neamd te wurden yn in út-
De hear Bouma seit dat de jierstikken wiidweidich yn 'e kommisje bepraten binne. It jierferslach
sjocht der hiel moai út. Syn fraksje hat noch wol wat fragen, dy't yn 'e kommisje net beäntwurde
binne. Syn fraksje hat opmerkings makke oer Onder oaren de managementletter, it tal risiko's, de
ferbettertrajekten en it feitlike batige saldo. De eksakte stân fan de reserves is noch wat faach. It
eigen fermogen is it ôfrûne jier ôfnommen en dat is in punt fan soarch. Yn de managementletter
steane saken dy't de ried oangeane en de managementletter makket foar him part út fan de beslút-
foarming. It is in miskenning fan de ried dat dy de managementletter net hat.
De hear Postma seit dat syn fraksje him konformearret oan de konklúzjes fan de akkountant. It
rapport fan befinings fan de akkountant sketst in totaalbyld fan alle útjeften en kosten. De doelmjit-
tigens it beliedsfjild kin noch in tal saken oan ferbettere wurde. De ried nimt somtiden besluten
sûnder fan te foaren de beëage effekten fan dat beslút oan te jaan. Yn de takomst moat dêr mear
kritysk mei omgien wurde. Sa kin de doelmjittigens dan better toetst wurde. Op 29 april 2002 hat
syn fraksje frege om in taljochting op it rapport fan de akkountant troch de akkountant seis. It is
frjemd en net korrekt dat it kolleezje dêr noch net op weromkommen is. De motivearing om de ma
nagementletter net beskikber oan de ried te stellen hat gjin grutte yndruk by syn fraksje achterlit-
ten. Op it momint dat kostatearre wurdt dat kosten oprinne moat der aksje ûndernommen wurde
Side 2
notulen 18-06-2002/absh/2