Dan wurdt der ta beslútfoarming oergean. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it útstel mei 10 stimmen foar en 4 dêrtsjin oannom- men is. Tsjinstimd hawwe de leden Janse, Van der Sluis, Verkerk en Bouma. 10. Utstel oangeande it fersyk om meiwurking foar de oanlis fan trije ynstekhavens perseel Greate Mar oan de Wergeasterfeart. Sdnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 11 Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar útfiering projekt Groene Ruimten Akkrum, faze 1. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 12. Utstel ta it ferlienen fan in akkommodaasje foar de Gondelfeart yn Aldeboarn. De hear De Vries seit dat syn fraksje wiis is mei dit útstel. Yn de kommisje is der om frege it gebou goed yn it lânskip yn te passen troch in goede kleurstelling en beplanting dêromhinne. Hy soe graach wolle dat ditsoarte opmerkings yn it útstel werom te finen is. Wethouder Jonkers zegt dat het gebouw in groentinten uitgevoerd zal worden en over de beplan ting wordt nog gesproken. Het is juist dat in het raadsvoorstel niet verwoord is wat er in de com missie is gezegd. Daar zal scherper op worden toegezien. De foarsitter seit dat dêr it punt spilet dat it goede paad noch fûn wurde moat foar útstellen dy't yn de kommisje behannele binne en dan nei de ried ta kinne. It kolleezje kin net sûnder ynstimming fan de foarsitter fan de kommisje wat feroarje kin yn it riedsútstel. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 13. Utstel oangeande finansiering fan in kape op de nije oanbou fan De Buorkerij. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 14. Utstel ta it fêststellen fan in notysje Frijwilligersbelied. Mefrou Verkerk seit dat har fraksje bliid is mei dizze notysje om't de fraksje fynt dat frijwilligersbe lied tige wichtich is foar de leefberheid fan de doarpen. It frijwilligersbelied moat stipe en stimulear- re wurde. Sy hat noch inkele opmerkings oer de maatregels. Neffens it SCPB soe Boamsterhim 4000 a 7500 frijwilligers hawwe. De enkête is hâlden ûnder 500 frijwilligersorganisaasjes. Der stiet net oanjûn wat de respons wie. Fan de frijwilligers fynt 52% dat in gemeentlik frijwilligersbelied net nedich is. 49% fynt it net fan tapassing. Yn feite dus ek in nee. Mar 6 fynt in frijwilligersbeleid needsaaklik. Dat is in meager resultaat. Der sil earst draachflak wêze moatte foardat der úteinset- ten wurdt mei in belied. Der sil dus nochal wat missywurk dien wurde moatte. Har fraksje wol graach witte wat de stypjende en stimulearjende middelen binne en slute dy oan by datjinge wat de frijwilligers wolle. 53% fan de frijwilligers wol net in bydrage leverje, 40% fynt it net fan tapassing en mar 7 wol wol in bydrage leverje. Ek dat fynt har fraksje in punt fan omtinken. 15 hat fer- let fan in frijwilligersbelied. 38 seit net fan tapassing en 47 fynt it net nedich. Mei oare wur- den, as der wat oan frijwilligersbelied dien wurde moat, moat der net begûn wurde mei in útwreide notysje, mar moat der praktysk oan 'e gong gien wurde en moat der oansluting socht wurde by wêr't men ferlet fan hat. De hear De Vries seit dat de helte fan de minsken dy't régearre hat (dat wiene der 250) op de en kête sein hat gjin ferlet te hawwen fan in frijwilligerssintrale. De helte dy't net réagearre hat wie oer de fragen miskien net sa entûsjast en hat it belang fan de enkête miskien net ynsjoen. Yn elts gefal is dat net sa posityf en is dy 50% hiel meager. Der is by de fragen wat te bot ynsetten op de Side 7 notulen 18-06-2002/absb/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 26