is, dat it dan te ferkeapjen is as in gaadlik kantoar. Wat it frijwilligersbelied oangiet, is in neiere Ot- wurking fan belang, om't de Onderlizzende nota ús gjin fertrouwen jout yn in sinfolle ynfolling. In beskieden oanset ta in stikje keunstbelied fine wy wichtich, foaral as oanjaachsubsydzje foar seni- oaren. Fierders tinke wy ek oan it op'e nij oansetten fan kulturele útwikseling mei oare lannen, wer- foar faaks ek Europeeske middels beskikber binne. En as farend Fryslân hjir ek Onder fait, wolle wy dêr mei jimme noch wol ris oer kediizje. Oer de Ontwikkeling fan it muzykûnderwiis hawwe wy Os betingsten en foardat wy dêr in Otspraak oer dogge wolle wy earst wol ris sjen wat jimme nota te melden hat. It foar- en betiidskoalse Onderwiis en it jeugdbelied wurde yn ien adem neamd. Foar Os is it jeugdbelied in wichtige saak, ynvestearings yn de jeugd betelje harren seis werom. Om't it faaks om jongeren giet dy't allinne persoanlik te berikken binne, freget dit wurk Os konstante oan- dacht. De ynsleine wei moatte wy no ek fêsthâlde. Fjouwer stjerren. Hoewol wy de sportnota noch net Onder eagen hân hawwe, wolle wy hjir wol kwyt, dat de sport by Os in belangryk plak ynnimt. Sport moat berikber bliuwe foar al Os ynwenners, sawol finansjeel as kwa ôfstân. Dat der sjoen wurdt nei it op'e nij ynsetten fan de middels hat Os ynstimming. As der foar itselde jild mear min- sken gebrûk fan de fersjennings meitsje kinne soe Os winsk wêze. It akkommodaasjebelied kinne wy hjir oan keppelje. Wêr bliuwt jimme iepening nei it doarpshús te Raerd? En as it dan echt nypt mei de sinteraasje oangeande al dizze saken út haadstik trije, mei wat Os betreft, spesifyk hjirfoar, de Onreplikguod belesting in ekstra upje krije. Haadstik fjouwer giet oer de gruttere saken, dy't net fuortendaliks Os ynwenners yn 'e mjitte komme, mar op langere termyn wol oanpakt wurde moatte. It wetterfront Grou kin dizze riedsperioade planklear makke wurde, ek al levert it foarearst gjin re venuen op. It Fryske merenprojekt hat Os belangstelling, mar wy warskôgje foar it oangean fan fer- plichtings, as men net wit wat de kosten foar Os binne. In útsûndering wolle wy meitsje foar in toe- ristysk fytspaad fan Wergea nei Grou, alhoewol wy de werklike konsekwinsjes earst wol ris sjen wolle. Ek wat de plattelânsprojekten oangiet sizze wy fan tuike, tuike oan, al hoe moai it allegearre ek liket. Om oer de sweeftrein mar te swijen. De plannen mei it oerslachstasjon foar Os óffal kinne trochgean, mar ek dêrfan binne wy benijd nei de kosten baten analyze. Rjochtfeardigens stiet by de PVDA noch altyd heech yn it fendel en om dêr stal oan te jaan mei de ynset fan it hânhavingsbelied kostet dan mar wat jild, alhoewol wy tinke dat hjir miskyn ek noch wol wat te ferheljen is, mei de leus "de fersmoarger betellet". Wy binne wiis mei Os monuminten, mar dat wy dêrfoar in nij yn- strumintarium ynrjochtsje moatte betwifelje wy. As wy sjogge, dat Os tsjerken mei provinsjale fer- ienings en stiftingen goed beoardere wurde, dan freget de PVDA him óf, as dat mei de oare monu minten ek net sa kin, dat is fêst foardieliger. Wêrom ek hjir wer seis it tsjil op'e nij Otfine? De brêge oer de Rjochte Grou moat breder, om't oars de fuotgongers yn gefaar komme en dat kostet wer 50.000 Euro. Mei in ketting en in skou komme je in hiel ein hinne mei 1000 Euro en it is ek noch ludyk en it past by in wettersportdoarp. Boppedat leit der in, wol smelle ferheging op dy brêge, foar fuotgongers De ferkenning fan in fytspaad Warten-Ljouwert moat troch gean, dat it fyts paad by Jirnsum no wer 18.000 djoerder moat fine wy net aardich, kin it net wat koarter? De doarps- grins in stikje ferlizze? De werynrjochting fan Os hierwenten is in goede saak, allinne hjir sille wy ek net fierder springe kinne as de pols lang is. En as neigesetsje hawwe wy noch wol wat ideeën oer in jongereinrie, skoalswimmen,foarljochting oer WVG jild,in betrouwensdokter, it beanderjen fan brieven en de tillefoan en fansels dy r b. Jim hearre noch fan Os. Hjir Os fysje op de foarjiersnota, wy hawwe dúdlik oanjûn wêr't Os prioriteiten lizze. En as dat noch net sa is, wolle wy der wol wat ekstra stjerkes en mintsjes bysette. Fierders is it oan de rekken- masters óm de saken sa te fertalen, dat it Otfierber wurdt en dat sjogge wy dan wol yn it neijier as de begrutting foarlein wurdt. Wy wolle de gearstallers in plomke jaan foar de ynhâld en de lêsbere taal fan Os maaitiidsnota, tank dêrfoar." De hear Postma nimt syn plak yn om 14.10 oere. De hear Bouma seit dat dizze maitiidsnota wol Onder tige tropyske temperatueren behannele wurde sil. It giet by de maitiidsnota neffens syn fraksje om de fragen wat kinne we, wat wolle we en wat dogge we. Foardat bepaald wurdt wat we wolle is in goed ynsjoch yn de finansjele stân fan saken Side 6 notulen 1 7-06-2002/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 8