Mefrou Dekker en de hearen Bouma en Van der Meulen stypje it fersyk fan de hear Postma. De hear Janse fynt dat punt 11 no wol behannele wurde kin. Wethâlder Bouma seit dat yn it Riedspresidium besletten is punt 11 op 'e wurklist te setten. It fernuveret har dat leden fan it Riedspresidium it stik no earst noch yn de kommisje behannelje wolle. Der binne wol hiel resinte ûntwikkelings oangeande it antennebelied en besluten fan it ka binet dat fanôf 15 augustus in tal saken fergunningsfrij binne. De gemeente hat der dus alle be lang by sa gau as mooglik in antennebelied fêst te stellen. De foarsitter seit dat it stik yn de earstfolgjende kommisje behannelje wurde kin. Dêr sil oer oer- lein wurde mei de kommisjefoarsitter. Wat it inisjatyfútstel oanbelanget binne der twa aspekten fan belang. It útstel is formeel besjoen net op 'e tiid yntsjinne, mar de ried kin dochs beslute it no wol te behanneljen. Hy freget de mie- ning fan de ried. De hearen Hemminga en Bouma hawwe gjin beswier it útstel no te behanneljen. De hear van der Meulen seit dat it syn foarkar hat dat it útstel earst yn de kommisje behannele wurdt. De foarsitter konstatearret dat de mearderheid der foar is it inisjatyfútstel no te behanneljen. It útstel wurdt as punt 17 oan de wurklist tafoege. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 17 juny 2002 en 18 juny 2002. It ferslach fan 17 juny 2002: x Op fersyk fan mefrou Dekker wurdt op side 14 de tekst fan har sa oanfold: Haar fractie is in principe tegen besloten vergaderingen, maar in bepaalde gevallen kan haar fractie zich voorstellen dat er een besloten vergadering belegd moet worden". Ynachtnommen dizze oanfolling wurdt it ferslach fêststeld. It ferslach fan de gearkomste fan 18 juny 2002 wurdt ûnferoare fêststeld. 5. Ynkommen stikken. x, De foarsitter seit dat de bylagen by de stikken 2 en 3 net op besjen lein hawwe. Yn it Riedspre- sidium sil bepraten wurde oft dizze stikken noch wer op 'e list fan ynkommen stikken komme. De hear Bijlsma soe graach wolle dat it stik fan de Bibliotheek Boarnsterhim nei alle riedsleden ta- stjoerd wurdt. ^Wethouder Jonkers zegt dit toe. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 6. Beëdiging plakferfangend kommisjelid. De hear Looijenga leit yn hannen fan de foarsitter de eed hearrende by it plakferfangend kommisjelid wêzen yn de Nederlânske taal óf. De foarsitter winsket de hear Looijenga in protte sukses mei it wurk as plakferfangend kommisje lid. Pagina 2 04. notulen 20 augustus 2002/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 5