De hear Postma reagearret mei de opmerking dat de formulearring op side 27 fan it beliedspro- gramma ûngelokkich is en freget om dy formulearring op dit punt te hersjen. De útlis fan de wet- hâlder ferdúdlikt de tekst. Wethâlder Van den Berg: De BTW oer de ynvestearingen. Op dit momint is it dreech om alles ek- sakt oer dy BTW yn te follen omdat it ryksbelied noch net dúdlik is. Wat wol of net kompenseare wurde kin yn in oantal saken yn de BTW is ek noch net dúdlik. De gefolgen foar de gemeente binne dus ek net dúdlik. It kolleezje wol der graach op werom komme. De gemeente moat of- wachtsje of dat beliedsromte jout foar nije ynvestearingen. It sjocht der net út dat dizze gemeen te der foardielich útkomme sil De hear Postma jout oan dat hy dus gelyk hie mei syn konstatearring dat it net seker is hoe it út- pakt, dat it yn 2003 (earste feansjier) wol helder is en dat, wannear't it kolleezje dit werom kep- pelt nei de kommisje BMM, syn fraksje akkoart giet. Neffens wethâlder Van den Berg sil it skodzjen oan de beam (om jild) in trochgeand proses weze foar de kommende tiid. Foar de Foarjiersnota wol it kolleezje opnij mei de kommisje en de ried dêroer prate en of dat dan ut komt op 0,2%, 0,3% of 0,5 sjogge we dan. It kolleezje giet der mei oan de slach. Behearsbegrutting 1% fan it grien. Dat hat te meitsjen meun oare oererekken.ng en dat der in oantal eleminten ynsitten wer wol of net BTW yn ferrekkene |S- Kaoferqunning. As de algemiene feroardering wer oan bod komt sil it kolleezje der nei sjen. Reserve Wvg. De reserve, dy't de ried bepaald hat om dêr bepaalde saken mei út te fleren, stiet od in oare rekken. Dit wurdt besjoen as in bestimmingsreserve. De wethâlder sil in utdraai stjoere nei de hear Bijlsma. De rest fan de reserve is noch kompleet. De wethâlder seit ta dit yn de be- liedsbegrutting oan te follen, want dit punt mist yndie. Riolearing. De ried hat doedestiids útsprutsen dat de ferfiningsútkearing dy t de gemeente ut de algemiene útkearing foar riolearing krijt bliuwend ynset wurdt foar de riolearing. De hear Bouma seit dat de automatisearring fan brêgen as stelpost yn de beliedsbegrutting stiet. Dat betsjuTnêt elts jier itselde, mar dat dizze post noch útwurke wurde moat. De VVD wol der noch kritysk nei sjen. De wethâlder fynt dat prima. Wethâlder Van den Berg: Offalstoffenheffing. Dit jier moat der wat by omdat it "fereffenings- fûns" opmakke is. De heffing giet omheech om dizze post kosten dekkend te hâlden. De wethâlder seit dat der in soad dien is de leste jierren, sûnder de belesting foar de ynwenners te ferheegjen: doarpsfernijing, rekreaasje, toeristeprojekten. Foar de befolking is dus dochs hiel BeTneópfang. As der noch oan de beam skodde wurdt, moatte de ried en B en W fan gedachten wikselje oer dit Onderwerp. De finansiering fan it fytspaad. It is in technysk ferhaal, mar de wethalder fersekert de hear Jan- se dat dit Onderwerp goed ferwurke wurde sil. As de saak op in rychje set is, krijt de hear Janse de gegevens. Wethâlder Bouma: Underwiis. B en W sille sjen nei de takomstmooglikheden yn Grou. Der is noch net omskreaun wat in finsterskoalle is. Der moat noch in diskusje fierd wurde oer hoe breed sa n finsterskoalle foar de gemeente wêze moat. It jild foar it ûnderwiis is festlein in dizze beliedsbe grutting. De fraach fan de hear Bijlsma oft it kolleezje ree is om frijkommende lokaasjes me. te nimmen foar de nijbou is te betiid. Dat komt letter pas oan de oarder. Struktuerfisy. Der is hielendal gjin spul mei Pleatsik Belang. Yn jannewar.s komt de Struktuerf.sy yn de ried. Side 16 04 n OTULEN 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 18