Raadhuis en nieuwbouw. Het college maakt zich ook zorgen over het Raadhuis. Die zorg moet
worden vertaald in randvoorwaarden zodat dit gebouw in zijn totaal bestaan blijft. Er moet reke
ning gehouden worden met gebruikers (langlopende contracten). Het college zal, met een zo
groot mogelijke zorgvuldigheid, omgaan met het Raadhuis.
Plattelandsprojecten. Er zijn 71 grote en kleine projecten ingediend. Het college hoopt uit SGB-
subsidies en plattelandsprojecten daarvoor middelen te vinden. Voor het baggerproject moeten
substantiële middelen komen om dit project te realiseren.
De aanbiedingsbrief in het Frysk. Waarvan akte. Volgend jaar is dat in orde.
Recreatienota. Er komt zeer binnenkort een voorstel waarin staat wat er onderzocht moet worden
en wat de kosten zullen zijn.
De fice-foarsitter sit de gearkomste foar.
De hear Dijkstra seit de ried tank foar de benadering troch de ried en de konstruktive wize wêrop
praten is oer de wichtige saken út de begrutting.
Organisaasje Ontwikkeling. Der binne eartiids ôfspraken makke oer de ynhâldlike kant en de rap-
portaazje. Yn jannewaris 2003 komt der in rapportaazje nei de kommisje ta. As men tenei flugger
in rapportaazje ha wol, moat dêr oer praat wurde.
Gemeentehûs. It kolleezje hat bést oan de beam skodde. De opmerkings út de ried binne allegear
posityf. De ried hat sein: sa fluch mooglik bouwe, der binne lokaasjes beneamd. Sprekker tinkt
dat de ried yn gedachten al mei de bou dwaande is. De kolleezjes fan de léste jierren ha hieltiten
oanjûn dat it allegear net ta fait (augustus 2002 noch). Yn dyselde brief hat it kolleezje sein dat
hy bang is dat it, wat it jild oanbelanget, "út de pas rinne sil". Der is in paradoks omdat der min
der ynkomsten by it ryk weikomme, de ynkomsten fan de gemeente gean efterút, de opheffing
fan de OZB spilet dêrby ek in wichtige rol, mar de gemeente wol de ynkomsten ferheegje om
mear dwaan te kinnen. Elts wol graach begjinne mei in nij gebou, in 2003, mar dan moat der in
slach makke wurde. Dan moatte der drastyske besluten falie. De ried soe graach in detaillearing
ha wolle. Giet de gemeente troch mei letter in finansjeel probleem of kin it ek wat minder. It is
neffens it kolleezje ferantwurde om mei de sinten dy't reservearre binne foar de jierren 2004 en
2005 en mei jild út it fûns A32€ 300.000. It kolleezje is fan miening dat as it net sa gebeurt, de
gemeente aansen mei de noas tsjin de muorre rint. It brief hat de ried noch net oertsjûge. It kol
leezje fynt it in prima foarstel om in wurkgroep yn te stellen dy't ynformaasje sammelt om seis ta
in oardiel te kommen. Elts wol de húsfesting op in goede manier ynfolle. Dit kolleezje sjocht de
line dy't de PvdA dellein hat en dy't stipe wurdt troch alle fraksjes, as in feitlike stipe om sa gau
mooglik te kommen ta de ynfolling fan in nij gemeentehûs. Sprekker docht de tasizzing de saak
yn trije moanne op in rychje te hawwen.
De foarsitter sit de gearkomste wer foar.
De hear Zijlstra seit dat de útlis en de tasizzing om ynsjoch te jaan yn it besteegjen fan de
50.000,- fan wethâlder Van den Berg oer de grienfoarsjennings sa dúdlik binne dat de PvdA
moasje nummer ien ynlûkt.
Moasje twa-a wurdt hanthave. De tekst wurdt oanfold: "De bydrage wurdt opnij besjoen om te
kommen ta in belied, dat keppele is oan harren prestaasjes benammen foar âlders mei in smelle
beurs.
Moasje twa-b wurdt ynlutsen. De PvdA wol noch de reaksje fan de oare fraksjes hearre.
Moasje trije oer it fûns rekreative aktiviteiten. De hear Roorda hat oanjûn dat de sifers op feiten
basearre binne. De PvdA freget stipe foar dizze moasje want de VVV hat dit jild driuwend nedich.
De tekst fan part trije-a wurdt feroare yn: "De toeristebelesting giet nei 0,60 foar in oernach-
ting en it bedrach dêrfan 11.000,-) wurdt bliuwend yn dit fûns stoart.
De PvdA lukt moasje fjouwer yn omdat wethâlder Jonkers in tasizzing dien hat.
Side 18
04.N O T U L E N 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./18