BOARNSTERHIM gemeente notulen Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 17 desimber 2002 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: De leden fan de ried: de froulju J. Dekker-Hoogeveen en T.D. Troost-Akkerman en de hearen A. Bijlsma N. Boringa, S. Bouma, J. Gerbrandij, S.G. Janse, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra. De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de froulju K. van den Berg-Wiersma en J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers. Ofwêzich: de hearen J. Hemminga en G. de Jong en mefrou E. Verkerk Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Fice-foarsitter: de hear J. Roorda. Griffier: de hear R.P. van der Starre. 1lepenjen. De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen fan herte wolkom. Hy dielt mei dat de hearen Hemminga en De Jong behindere binne de gearkomste by te wenjen. 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Fan de gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan de wurklist. Op fersyk fan de hear Postma wurdt punt 12 in B-stik. Op fersyk fan de FNP wurdt taheakke: Be- teljen ôfkeap Boarnsterhim pachtrjocht fan 0. Bouma troch Westerbaan oan gemeente. Dit wurdt punt 18 fan de wurklist. Punt 19 is dan de sluting. De wurklist wurdt fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 12 novimber 2002. Op side 12 fan it ferslach by punt ien fan de hear Biilsma moat it wurd "net" stean foar it wurd dûbeltalich oan it ein fan de sin. Oanbiddingsbrief moat natuerlik wêze oanbiedingsbrief. It fer slach wurdt fierder ûnferoare fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Nûmer 8: De hear Biilsma sprekt syn soarch út oer it gigantyske tal fan privacy-ynformaasje stikken dy 't tusken ferskillende organisaasjes hin en wer giet. Ferskillende gemeenten gean der ferskillend mei om. De FNP freget it kolleezje dizze brief oan de oarder te stellen yn WFG ferbân. De foarsitter seit dat it kolleezje de winsk fan de hear Bijlsma belûke sil by de behanneling fan dit punt. Nûmer 9 en 10: 04. NOTULE N17-12-2002/Foutl Onbekende naam voor documenteigenachap./l

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 3