De hear Soeten is benijd hoe 't it kolleezje dizze stikken tinkt óf te dwaan of óf dien hat. De foarsitter seit dat it kolleezje noch oan bar moat. As de boargemaster en de griffier in yn- kommen stik óf dogge, dogge se dat út namme fan de ried. Yn de kommisje kin in riedslid de be treffende portefúljehâlder freegje wat har of syn miening is. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 6. Foarstel ta it beneamen fan kommisjeleden Hûs en Hiem. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 7. Foarstel oangeande it Regionaal Indicatie Orgaan. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel ta it fêststellen fan de "Verordening inzake toekenning van een vergoeding aan de leden van de raad". Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel ta it ynlûken fan ferskate feroarderingen en regelingen. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel ta it yn wurking gean fan de "Verordening voorzieningen huisvesting Boarnsterhim". Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11Foarstel ta it ófwikkeljen ESF-subsydzjes Stichting Foarwurk. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel ta it feststellen fan de startnotysje "Integraal Veiligheidsbeleid Boarnsterhim". Dit stik is in B-stik wurden. De fice-foarsitter sit de gearkomste foar. De hear Postma seit dat yn de riedskommisje sein is dat de notysje "Integraal veiligheidsbeleid gemeente Boarnsterhim" in hiel goed stik is. Sjoen de opset fan de notysje, is de kâns net útslu- ten dat de ried fersûpt yn de breedte fan it projekt. Yn de kommisje is sein dat de saak interaktyf, mei de boargers/maatskiplike organisaasjes yn de gemeente, opset wurde moat en dat der in oan- tai beperkings ynboud wurde moatte. De needsaaklike dingen moatte oppakt wurde en wol sa dat der sichtbere resultaten te sjen binne. Hy pleitet foar in fasearde oanpak foar in maksimaal rendemint en mei in ferantwurde ynset fan minskracht en middels. De hear Postma wol graach dat it kolleezje de essinsje yn de ried befêsticht. De hear Dijkstra fynt it in goed idee om yn de ried te herheljen wat yn de kommisje besprutsen is. Hy jout de befêstiging wêr de hear Postma om freget. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. De foarsitter sit de gearkomste wer foar. 13. Foarstel ta it feststellen fan de notysje "Onderwijshuisvesting in meerjarenperspectief 2003-2012". Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Side 2 04 NOTULE N17-12-2002/Foutl Onbekende neem voor documentelgenschap./2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 4