gen hat. Hy freget har óf of de FNP by eltse dubieuze debiteur mei in moasje komme sil. De PvdA stipet de moasje net. De hear Van der Meulen is fernuvere dat de FNP dêr no mei komt sûnder dat eitsenien him tarie- de koe. De fraach oft it kolleezje te ferwiten fait dat de ried net op de hichte wie fan de rjocht- saak is net daliks te beänderjen. Der soe noch wol in kear in diskusje fierd wurde kinne fan by wat foar bedragen en op welk momint de ried ynformearre wurde moat. It CDA fynt it net korrekt op dizze manier mei in sa'n swiere moasje te kommen. De hear Bouma fynt dat de suggestje wekt is dat de ried ynformaasje ûnthâlden is. Yn de kom- misje fan BMM yn desimber hat hysels frege hoe it gong mei it fallissemint fan Westerbaan en hoe dat oppakt wurde soe troch de nije eigner. De VVD hie it beleefd fûn as ferteld wie oer de rjochtsaak, sjoen de Ontwikkelingen en sjocht de gong fan saken as net sekuer hanneljen. De VVD fynt de opmerking dat de ôfdieling Finânsjes de saak ôfhannele hat, in slop antwurd. Yn de kommisje hie der wol wat oer sein wurde kinnen. De hear Postma fynt dat de ried altiten korrekt ynformeare is. len fan de partijen is syn ferplich- tings net neikommen en de gemeente is úteinlik in ynkassoproseduere begûn. It soe betutteling fan it kolleezje wêze as de ried al dit soart prosedueres neigean moast. Gemeentebelangen fynt de manier wêrop en de moasje seis oerdreaun en dy is ek noch sûnder in konkrete Onderbouwing mei feiten. Wethâlder Bouma herhellet dat it yndied giet om in ynkassoproseduere. Dizze partij stiet der om bekend dat sy gau nei de rjochter stapt as sy har sin net krijt. It kolleezje fynt it ek in suggestive moasje en Ontriedt de moasje oer te nimmen. De hear Janse seit dat it giet om in politike saak en net om in technyske saak. It makket neat út wa't de saak ôfhannelt. It kolleezje is ferantwurdlik foar de ynformaasjeplicht. It is net in wille- keurich bedriuw wer it om giet. Dit bedriuw lei al langer polityk gefoelich. It bedriuw siet in moanne lyn yn swier waar. Yn dyselde tiid hat de FNP fragen stelt en it kolleezje hie doe de ried ynformearje moatten hoe it like. No kaam de ynformaasje út de krante. It giet net om eltse soart nota mar wol om dizze polityk gefoelige saak. De FNP stelt yn de moasje allinnich fêst wat de beändering west hat mar net dat dat mei sin west hat. De hear Zijlstra seit dat it wurd ôfkarring rûkt nei in moasje fan wantrouwen. De hear Janse seit dat dat krekt net de bedoeling wie. Hy seit dat troch dizze saak de FNP in te ken jaan moast dat de ynformaasje nei de ried ta better moat. De hear Postma freget oft it kolleezje in list fan dubieuze krediteuren oanlizze moat en dy dellizze moat by de ried. Hy hat frege wat de konkrete feiten binne, hokker fragen stelt binne en binne dêr goeie antwurden op kommen sa dat de ried in goed oardiel jaan kin. De hear Postma seit dat de hear Janse dêr gjin antwurd op jûn hat. De moasje kin no net hifke wurde op feiten. Wat moat it kolleezje oan de ried foarlizze? De hear Janse seit dat ynformaasjeplicht ynhâldt dat der yn polityk gefoelige saken ynformaasje jûn wurdt. De hear Postma seit dat yn oktober/novimber noch net bekend wie dat Westerbaan yn swier waar siet. Hy freget oft in ynkassoproseduere in polityk gefoelige saak is. Side 4 04. N O T U L E N17-12-2002/Fout! Onbekende neem voor documenteigenschep./4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 6