BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 21 jannewaris 2003. Nú. Omskriuwing 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Der binne twa ynsprekkers. Mefr. Kloostra fan Boonstra en Rademakers sprekt yn op punt 8 fan de de wurklist; De hear van der Veen sprekt yn op punt 27 fan de wurklist. 3. It fêststellen fan de wurklist. De wurklist wurdt fêststeld; de punten 13,16,19,20 en 27 wurde behannele as B-stik. Utfiering 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 17 desimber 2002. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Punt 12 behannelje yn de kommisje BMM (regiofisy) Fierders konform fêststeld. 6. Foarstel oangeande it takennen fan in wurdearingssubsydzje oan TV Akkrum. Konform besletten. Tasizzing: besykje kriteria te ûntwikkeljen foar wurdearingssubsydzjes op grûn wêrfan it kolleezje de útfiering tapasse kin. 7. Foarstel ta it fêststellen fan de "Raamovereenkomst Educatie 2003-2006". Konform besletten. Tasizzing: evaluaasjerapport beskikber stelle foar de ried. 8. Foarstel ta wegering fan de bou-oanfraach foar it perseel De Triie Romers 7 yn Reduzum. Konform besletten. De oanbelangjenden yn 'e gelegenheid stelle in nije oanfraach te dwaan mei it yn achtnimmen fan de beliedsútspraak fan de ried dat ferbou fan de garaazje c.q. berging ta wenhûs mei kapsalon, yn prinsipe tastien wurdt; Rapportearje oan de kommisje. 9. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan it bouplan foar it fernijen en fergrutsen fan in rekreaasjewente op in perseel oan de Marswier yn Grou. Konform besletten. De FNP fraksje is tsjin dit útstel. Mid. WWR Mid. B&S B&S WWR WWR beslutelist 21 jannewaris 2003/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 94