h 13. Foarstel foar it beskikber stellen fan in kredyt foar ferpleatsing en restauraasje Polsleatmûne te Akkrum. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Der lizze twa moasjes fan de FNP. Dy binne foar it begjin fan de gearkomste yntsjinne by de grif fier. De foarsitter wit neat fan de moasjes óf. By it fêststellen fan de wurklist by punt tr.je fan de aoenda hat de FNP net frege om de moasjes as agindapunten te behanneljen. De ried giet oer de folchoarder fan de wurklist. De foarsitter Ijochtet syn formele hannelswize ta troch te s.zzen dat der tiid qenóch west hat om dingen ta te rieden en te oerlizzen mei it amtlik apparaat, mar in fraksje bepaalt of in moasje yntsjinne wurdt. It bart wol ris dat der moasjes l.zze mar net yntsjin ne wurde. As de ried beslute soe ta it behanneljen fan de moasjes is dat net neffens de regels. De ried beslút úteinlik de moasjes earst yn de kommisje te bepraten. Op de folgende riedsgear- komste komme se op de wurklist. De foarsitter seit dat yn it presidium praat wurde sil hoe om te gean mei sokke saken. De'foars'itter slót de gearkomste om 23.45 oere. Hy betanket de leden fan de ried, de leden fan it kolleezje en alle oare oanwêzigen foar de bydrage yn de beslótfoarming en de oandacht. Hy winsket elkenien wol thús. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 15 april 2003, de griffier, dêjoarsitter, (M. Frens Op de publike tribune sieten neist dé^ersjen amtlike meiwurkers likernóch 6 minsken. Side 11 04. Notulen 18 febrewaris 2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 13