Van der Meulen: Kin him de fernuvering fan de PvdA wol foarstelle, mar de prosedurele kant fan de saak freget om besprek fan it stik. Postma: Freget him óf oft it proseduereel troch de mearderheid fan de ried skrast wurde kin. Kin him de gedachte fan de PvdA wol yntinke. Bouma: De moasje jûn behannelje. De foarsitter: Krijt de yndruk dat de mearderheid fan de ried de moasje behannelje wol. Mefrou Dekker: GB hat fragen oer de proseduerele kant fan de saak. Dêroer moat de foarsitter him útsprekke. De foarsitter: De gearkomste wurdt dêrfoar in momint ûnderbrutsen. De foarsitter: In moasje wurdt behannele, in agindapunt kin skrast wurde. Docht op grûn fan ar tikel 55 fan reglemint fan oarder it foarstel om it agindapunt te hanthavenjen. Mefrou Dekker: De moasje is no in agindapunt. De foarsitter: Bringt it yn stimming. Alle fraksjes, útsein de PvdA, binne foar it hanthavenjen. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 18 febrewaris 2003. Roorda: Op side 7 taheakje oan stimferklearring: 'Hjirby lit hy witte gjin wurdearring foar it stân- punt fan GB te hawwen omdat hy fan miening is dat de fraksje fan GB him hjirmei oan de fer- antwurdlikens ûntlûkt.' En op side 8 moat 'trendûntwikkeling' ferfongen wurde troch 'talintûnt- wikkeling'. Bijlsma: Op side 2 dat hy it kolleezje in komplemint jout fanwege de gong fan saken, mar dat komplemint wie fanwegen it feit dat der wer in Frysk stik yn de ried opnommen wie. Mefrou Dekker: Op side 4 moat by it fan har sitearre stik 'VVD' troch 'PvdA' ferfongen wurde. De foarsitter: Op side 8 moat by de stimferklearrings ek noch wat wizige wurde. It ferslach sil mei de wizigingen opnij oan de ried ta fêststelling foarlein wurde. 5. Ynkommen stikken. De foarsitter: It presidium stelt foar om de punt de punten 1 oant en mei 8 foar kundskip oan te nimmen. De Jong: Oer punt 5: Betellet Boarnsterhim ek oan sok soart gefallen? Oer punt 7: Der binne te- folle reklamestikken by de ynformaasje oer duorsum bouwen. Kin it kolleezje dat net wat skiftsje? De foarsitter: De fraach oer punt 5 graach yn de kommisje oan de oarder stelle. It oare fersyk is lestich út te fieren. Wa bepaalt dan wat skifte wurde moat? Punt 9 en 10 wurde konfoarm it foarstel fan it presidum troch boargemaster en wethâlders ôfdien. 6. Beëdigjen fan de griffier. De foarsitter: "De oanstelling fan ús griffier markeart in wichtich momint yn de dualistyske bestjoersstruktuer dy't wy sûnt koart kinne. In amtner is in publike tsjinner. De griffier is de earste amtner fan de ried. Publike tsjinner seit der ek wat oer dat dat tsjinjen rjochte is op it publyk, dat wol sizze ús boargers. Dat twingt ús ús ek nochris te realisearjen dat ús duale stelsel mear wêze moat dan it, her en der, wat feroarjen fan ús eigen ynterne prosedueres. Side 2 04. ferslach 18 maart 2003/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 15