It duale stelsel waard ynfierd om it debat werom te krijen; it kontakt mei de ynwenners te her stellen. Te harkjen nei wat der echt libbet ûnder de minsken. Lykwols is dat dreger dan him nei in oerflakkige beskôging oansjen lit. Hat de folksfertsjintwurdiger/riedslid kontakt mei in ynwenner as steatsboarger, as klant/oanbelangjende, as kiezer of as Onderdaan? Dat drege sjogge jo ek wannear't bliken docht dat eins nea of inkeldris in ien op ien oersetting fan winsken yn it bestjoerlik wurk moochlik is. It algemiene (gemeentelike) belang freget meastal om nuances seis as de medalje mar twa kanten hat. En Volendam en oare plakken leare ús bop- pedat dat in te "close" sitewaasje tusken boargers/ynwenners/maatskiplike organisaasjes en de polityk (it bestjoer) ta gefolg hawwe kin dat it hast Onmoochlik wurdt rjochtfeardige (gebiedende) oerheidstaken út te fieren. It amt fan folksfertsjintwurdiger is moai, mar as jo it goed beskôgje ek hiel swier. It keppelt de mienskip en de boarger. It keppelt ferantwurdlikheid oan boargerskip. Dêr giet ús griffier ús by helpen. Wy winskje Martin Frensel dêrby in protte sukses. Wy sille no mei dat wurk begjinne. It is jo bekend dat in lid fan de gemeenteried pas oan 'e slach kin nei it ôflizzen fan de eed of belofte. De oplettende lêzer fan de Gemeentewet hat fansels fêststeld dat beëdiging fan (hege) amtners net langer ferplichte is. Yn it ramt fan in breed drûgen yntegriteitsbelied hat it kolleezje it foar- nimmen fuortoan by alle amtners it ôflizzen fan de eed of belofte (wer) yn te fieren. Yn dat fer- bân leit it foar de hân dat de griffier syn wurksumheden begjint mei it ôflizzen fan de belofte tsjin de ried oer." Frensel (griffier): Blij met de benoeming. Is enthousiast over het op poten zetten van dualisme. Formeel zijn de zaken goed geregeld. De griffier is vooral initiator, coördinator. Heeft niet de pre tentie de baas te zijn van de gemeenteraad, maar ziet zich in de eerste plaats als ondersteuner. Heeft alle vertrouwen in een positieve uitwerking van het dualisme op het lokale bestuur. 7. Moasje fan de fraksje fan de FNP oangeande evaluaasje ferkearsmaatregels Bûtlânswei en oanlis fytspaad by Jirnsum. Janse: PB Legeaen sprekt FNP gauris oan oer útbliuwen evaluaasje ôfsluting Bûtlânswei. Yn de kommisje hat de FNP gauris dit punt oan de oarder steld. Earst soe de evaluaasje meinommen wurde by de behanneling fan de 30-60 kilometer diken en no wurdt der wachte op de iepening fan de eastlike rünwei om Snits. De tellingen wiene septimber 2001 al bekend en moat der in rapport lizze oer de evaluaasje. Dat soe yn de kommisje fan 1 april komme kinne. It fytspaad Jirnsum stiet al trije jier op de rol en der is jild foar opnommen yn de mearjierrerûzing. It moat no ek yn it projektplan opnommen wurde. Van der Sluis: It duorret yndied te lang. As it rapport der is, moat it yn de kommisje komme. It fytspaad sil wol net yn 4 moanne klear wêze kinne. De moasje sa oanpasse, dat it fytspaad dit jier oanlein wurdt. Hemminga: Riedsleden hawwe rjocht op alle ynformaasje. It rapport hie op besjen lizze kinnen. De útfieringstermyn foar it fytspaad stelle op dit jier. Van der Meulen: Dizze fragen heare yn kommisje en dêrnei mooglik moasje of foarstel nei ried. Soeten: Der hat nochal in grutte yngreep yn de ferkearsmobiliteit plakfûn. Nijsgjirrich nei de eva luaasje en de rol fan PB dêryn. Wethâlder Van den Berg: Yngenieursburo Oranjewoud hat rapport mei tellingen útbrocht.. Gjin konklúzjes dêryn. Kontakt mei PB'en yn foarjier 2002. De amtner dy't him mei dizze saak dwaande hold, wurket net mear by de gemeente. Troch nije Ontwikkelingen is yn oerlis mei PB'en oanstjoerd op it dwaan fan nije tellingen. Op grûn fan tellingen fan foar en nei de iepening fan de Side 3 04. ferslach 18 maart 2003/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 16