Houkesleattunnel krijt it kolleezje in better byld fan de ferkearsbewegingen en kin nei de evalu- aasje dêrfan mei foarstellen komme. Mefrou Dekker: Wat fynt de wethâlder fan de moasje? Wethâlder Van den Berg: De ried hat it rjocht in moasje yn te tsjinjen. It kolleezje wachtet no earst op de sifers. Janse: Wannear fynt de evaluaasje plak? Wethâlder Van den Berg: Foar en nei iepening fan de tunnel yn maaie binne der tellingen. Nei de fakânsje komt der in evaluaasje nei de kommisje. It jild foar it fytspaad is bestean bleaun. Yn de kommisjegearkomste fan 6 maaie sil in kredyt oanfrege wurde en kin dit jier om septimber hinne mei de útfiering begûn wurde. Twadde termyn Janse: 18 febrewaris moat yn de moasje yn 18 maart wizige wurde. Is tefreden mei de tasizzin- gen fan de wethâlder. Hemminga: Wêrom leine de tellingen net op besjen? Nei iepenstelling Houkesleattunnel sil de ferkearsproblematyk yn de doarpen noch grutter wurde. Van der Meulen: It hie allegearre yn de kommisje regele wurde kinnen. Janse. Der moat no dúdlikheid komme en dy is der yn de kommisje net kommen. Van der Meulen: De moasje is net op syn plak. De wethâlder yn de kommisje is net in oaren ien as de wethâlder yn de ried. Postma: Dizze foarm fan kommunisearjen en ynformearjen doocht net. It kolleezje moat yntern nochris goed besjen, hoe't soks oanpakt wurde moat. Wethâlder Van den Berg: Der is betizing oer tellingenrapport en evaluaasje. Seit ta dat der dúdli- ker kommuniseard wurde sil. De evaluaasje sil septimber/oktober nei de ried komme, want de doarpen moatte der ek by belutsen wurde. 8. Moasje fan de fraksje fan de FNP oangeande it behâld fan de Halbertsmafilla en de direk- teurswente fan it âlde bûterfabryk yn Aldeboarn. Janse: PB'en Grou en Aldeboarn wolle gebouwen yn stân hâlde. It kolleezje hat sein dat it dêrta ûnfoldwaande middels hat. De gebouwen hawwe ek gjin monumintestatus. De middels kinne lykwols fia it monumintebelied (riedsprogramma) wol fûn wurde. It hoecht de werstrukturearring net op te kearen. Postma: De fraach is hoefolle jild de FNP der foar oer hat. De gemeente giet net oer dizze saak: de ympact is by in mooglik beslút hast net te oersjen. GB fynt wol dat de ympasse trochbrutsen wurde moat, want sa komme de senioarewenten net fan de grûn. It kolleezje moat yn oerlis mei PB, Friestins en oare belanghawwenden om de saak op de rails te krijen. Dat jildt ek foar Alde boarn. Stiet net achter de moasje. Mefrou Verkerk: De gemeente is gjin partij. Wol foar behâld karakteristike gebouwen. It moat pleatst wurde yn it architektoanysk gehiel fan de doarpskearn. Side 4 04. ferslach 18 maart 2003/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 17