Side 5 Van der Sluis: Nimt binnen de VVD in oar stânpunt yn. Is it allinne iens mei punt 1 fan de moas- je. Grou hat ferlet fan senioarewenten en parkearfoarsjennings en dêrfoar is it plak fan de Hal- bertsmafilla hiel gaadlik. Woonwille moat alle romte krije. Utfiering fan de moasje hâldt it bouwen op en dat jildt ek foar Aldeboarn. Mefrou Dekker: Understreket de wurden fan de hear Postma. De moasje is te prematuer. Der sil- le wol foarstellen oer in monumintebelied komme moatte, mar dizze gebouwen sille it wol net ré de om dêryn opnommen te wurden. Van der Meulen: Stiet net achter de moasje. De gemeente is gjin partij en oars moat der jild komme. Wethâlder Jonkers: Er zijn geen middelen vrijgesteld voor een gemeentelijk monumentenbeleid. De gemeente heeft 17 monumenten onder zijn hoede en die vergen het nodige onderhoud. De twee genoemde gebouwen zijn niet als monument aangewezen. Wethâlder Bouma: Woonwille en kolleezje hawwe each foar it karakteristike fan de gebouwen. Der komt in ynrjochtingsplan nei de ried, mar op dit momint is der te min ynformaasje. Untriedt de moasje. Twadde termyn Janse: len en oar kin yn de maitiidsnota meinommen wurde. Mefrou Dekker: De FNP moat oanjaan wêr't it jild weikomme moat. Postma: Mei it útfieren fan de moasje is it al gau 2004, ear't der wat ûndernommen wurde kin en dat hâldt de bou fan senioarewenten allinne mar op. Janse: De 17 monuminten binne ryksmonuminten. In gemeentlik monumintebelied is wat oars. Jild jout oan dat dêrmei mienens is. De moasje oanhâlde. Van der Meulen: Mar wêr komt it jild wei? Janse: In opdracht dêrfoar oan de ried om jild op te nimmen yn de maitiidsnota. Postma: Dat is de omkearde wei. Bijlsma: Om de twa gebouwen te behâlden, kinne dy op de groslist pleats wurde. Sa kin in start mei it monumintebelied makke wurde. Wethâlder Jonkers: De 17 monumenten, waaronder twee molens en het raadshuis, vergen al de nodige zorg. De groslijst werkt via een puntensysteem. Er moeten dan additionele monumenten toegevoegd worden. Bijlsma: It giet om in groslist fan byldbepalende gebouwen. De besteande subsydzjeregeling foar monuminten is dêrfoar net bedoeld. Wethâlder Jonkers: Het heeft geen zin gezien de huidige situatie meer verplichtingen aan te gaan. 04. ferslach 18 maart 2003/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 18