De foarsitter: Wol de FNP it amendemint yn stimming bringe of is de FNP tefreden mei de tasiz- zings fan it kolleezje? Bijlsma As de wethâlder yn de rin fan de kommende moannen komt mei in reaksje yn de foarm fan in stik of foarstel kin hy him dêryn fine. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel oangeande it abonnemint op de kommisjestikken. De Vries: Bliid mei it foarstel. Begrypt dêrút dat it tastjoeren fan de riedsstikken straks ek fer- gees is. Gerbrandij: Mist noch de ynfolling fan de winsk om PB'en om 'e nocht de stikken ta te stjoeren. Bijlsma: Ek benijd nei it om' e nocht stjoeren fan digitaal ferstjoeren fan de riedsstikken. Digitaal en oer de post soe fergees wêze moatte foar in goede kommunikaasje. Yn alle doarpen de stik ken op besjen lizze en/of in ôfhelpunt dêr ynstelle. Boargemaster Dijkstra De stikken moatte rom ferspriede wurde, mar it moat net te djoer wur- de. De digitaal ferstjoerde stikken binne om 'e nocht. De PB'en ûnbetelle alle stikken takomme lit- te of moat dan soks belêste wurde yn it doarpebelied? It kolleezje fynt in reedlike fergoeding op syn plak, mar as de ried it wol, dan kin it oerwage wurde. Twadde termyn Bijlsma: Yn it ferline in kompromis. Foar tastjoering betelje en ôfhelje fergees. Dêrby is Grou yn it foardiel by oare doarpen. Dêrom yn alle doarpen in ôfhelmooglikheid. De Vries: Noch gjin antwurd op de fraach oer it digitaal ferstjoeren fan riedstikken. Gerbrandij: Praktysk elk doarp hat in eigen krantsje en dêrmei kin wat dien wurde. Digitaal nei jen adres yn it doarp en dêr kin it ófhelle wurde. De boarger hat syn eigen ferantwurdlikheid ek. Boargemaster Dijkstra: Moat de kring fan ôfhelmooglikheden fergrutte wurde? Yn de praktyk de- klareare PB'en de kosten foar de tastjoerde stikken by de gemeente. Yn oerlis mei de federaasje fan PB'en soe nochris neigean wurde moatte, hoe't de distribúsje yn de doarpen plakfine kin. Sûnder persoanlike stimming wurdt neffens it foarstel besletten. 11Foarstel oangeande it takennen fan wurdearringssubsydzje oan Stichting Sportbelangen Re- duzum. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel oangeande in finansjele temjittekomming oan Stichting Doarpshûs Raerd. De foarsitter: De fiif fraksjes hawwe in útstel dien om jûn it stik fan Raerd oan de oarder te krij- en. Wy moatte in ôfspraak meitsje hoe't wy dermei omgeane. Der leit in âld kolleezjefoarstel, in giele brief dêroer hinne en inisjatyfoarstel.lk haw it gefoel dat de ried it jûn oer it léste foarstel hawwe wol. Is dat sa? (Posityf beändere). Dan sil de diskusje gean sil oer it foarlizzende inisja- tyffoarstel. Side 7 04. ferslach 18 maart 2003/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 20