Bijlsma:: Is it uteraard iens mei it foarstel. Hat eins ien fraach nei it kolleezje ta. Oer punt 4 om 'de overige 49000,- op basis van kapitaallasten' ta léste te bringen fan it produkt pjutteboar- tersplakken. De fraach is 'Yn hoefier giet de finansiering fan de 49000,- op kosten fan de oa- re pjutteboartersplakken?' Stelt it kolleezje foar om yn de maitiidsnota mei in foarstel ta in sada- nige ferheging fan it budzjet pjutteboartersplakken.te kommen dat oare pjutteboartersplakken dêr- troch gjin neidiel hawwe. Postma: Kin koart de bocht om. Yn elts gefal moai en kin it fan herte ûnderskriuwe om dat sa de suggestje fan GB yn de kommisje fan de ôfrûne kear ynfold is. It kin sa troch. It bestiet net dat der foar de rest fan it projekt in eksploitaasjeferantwurdlikheid is. Wy konstateare dat der in yn- vestearringsoerskriding west is, dat der gjin goed eksploitaasjeperspektyf achter leit en dat sa't doe ek yn it inisjatyffoarstel fan it CDA stie wy gjin ynsicht yn de boukosten fan it pjutteboar- tersplak hawwe. Dat moatte wy even helder delsette as wy dit foarstel yn dit kader besprekke. Der hat in bulte yrritaasje oer en wer west. Mei dit foarstel, dat goed temjitte komt oan it inisja- tyfoarstel fan it CDA fan in jier lyn, moat dy yrritaasje no ek fan tafel. Wy moatte der posityf en konstruktyf tsjinoan, fan de side fan it doarpshûs en fan it gemeentebestjoer. Dat woe ik der noch even oan taheakje. Van der Meulen: De CDA-fraksje is wiis dat der no in definityf foarstel leit nei de moasje fan in jier lyn. Wy tinke dat hjirmei alle tûkelteammen, mochten dy der wêze, fuorthelle binne en wy hoopje dat it kolleezje mei faasje yn oerlis giet mei Raerd sadat de saak ôfwikkele wurde kin. De Vries: De fraksje fan de PvdA is der bliid mei dat der no in foarstel leit dêr't Raerd mei fierder kin. Wy hawwe der wol in jier op wachtsje moatten nei de moasje, en no krekt foar de iepening is it rûn. In hiel soad minsken yn Raerd binne noch drok dwaande om alles klear te krijen. It liket prachtich te wurden. Neffens de fraksje hie it oars kinnen en ek oars moatten. Dúdlikheid hat te lang op him wachtsje litten. No is it der en lit ús derfoar soargje dat wy posityf en yn goed oerlis dêrmei fierder geane. Wethâlder Van den Berg: It giet no om it inisjatyffoarstel nei oanlieding fan it kolleezjefoarstel en de oanfolling op dat foarstel om meielkoar oan de winsken temjitte te kommen sa't dy dellein binne yn de moasje, it inisjatyffoarstel destiids fan it CDA en dêrnei it beslút fan de ried dêrop. Mei it kolleezjefoarstel, wat wy ek yn de kommisje besprutsen hawwe, hie it kolleezje tocht dat dêrmei in ynfolling jûn wie sa as ek de kommisje dat lêstlyn bedoeld hie. Der leit no in oar inisja tyffoarstel om deroan no útfiering te jaan. En wannear natuerlik de ried it oars wol, is de ried baas en sil it kolleezje har dêrtsjin net fersette. It is wol sa dat it kolleezje konstateare moat dat yn ieder gefal net motiveard is wêrom dizze útgongspunten keazen binne. En wat dat betreft hat it kolleezje foar de útfiering dochs noch wol in oantal fragen en ferdúdlikingen nedich op it stelde hjiryn. Is dit it kader wat de ried no oanjout yn dit soart saken, is dit it takomstich belied, want de ried is kaderstellend. Of is dit in oplossing, in ienmalige? It inisjatyffoarstel jout nammentlik dêryn gjin ynsjoch oft dit kaderstellend is nei de takomst ta en kin it kolleezje soortgelikense ini- sjativen, soortgelikense fragen oan kolleezje en rie, op dizze manier behannelje. Dat is foar ús hiel wichtich yn ferbân mei punt 6 dat it kolleezje dochs noch mei krijt fan de ried yn heldere bewur- ding mei wat der bedoeld wurdt as wy dit straks yn in útwurkingsoerienkomst mei it doarpshûs Raerd beskriuwe moatte. Punt 1 is helder, mar as wy sjogge nei punt 2 dan is dat net helder. In fraach fan it kolleezje oan de ried: begrypt it kolleezje it goed dat wy in saaklik rjocht festigje yn in pand dêr't in oar eigner fan is, dus in saaklik rjocht mei in tredde partij? En as wy fierder dêr oer neitinke, is it dan sa sa't it foarstel der byleit, as wy in oerienkomst meitsje yn de lijn fan it foarstel dat wy dan trede yn de frije beskikkingsmacht fan de behearder-eigener fan it doarpshûs en wol foar tritich jier oer dizze fjouwer kante meters, seit de ried dat ek? Moatte wy dat meiel koar yn in kettingbeding dellizze? Begripe wy goed dat de ried dat bedoelt? En jildet dat dan ek foar in perioade fan dy tritich jier, wannear't eventueel de eksploitaasje yn hannen fan in oar Side 8 04. ferslach 18 maart 2003/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 21