komt? Dat kin miskien nei in oantal jierren gebeure, mar miskien ek hielendal net. En de konstruk- sje fan punt twa yn it foarstel is foar ús noch net hielendal helder. Wannear't wy prate oer de zinsnede voor vier dagdelen per week of zoveel meer als noodzakelijk'. Is it ek sa dat de ge meente gebrûk meitsje kin fan de oare deidielen? Mefrou Dekker: Ik reitsje hjir no wat fan yn de war. Dit foarstel, is dit fan it kolleezje? De foarsitter: Wy prate oer it útstel dat troch de fiif fraksjes yntsjinne is. Mefrou Dekker: En no stelt de wethâlder fragen oan de ried en wy prate dus oer it inisjatyffoar- De foarsitter: Dat klopt. Wethâlder Van den Berg: Ja. Want yn punt 6 wurdt frege om in útwurking en dan is it goed dat ried en kolleezje it der mei elkoar oer iens binne wat dêryn útwurke wurde moat en de manier wêrop. Oer dy 4 dagdelen frege ik sa krekt oft de ried hjir ek mei bedoelt dat de gemeente de rest fan de dagdelen fan dy fjouwerkante meters gebrûk meitsje kin. Wy wolle dat ek yllustreare, as der in fúzje tusken peuterspeelzaal en kinderopvang komt, is ek altyd in winsk fan 'e ried west om se bei-innoar ûnder te bringen. Kin wy dan de rest fan de wike dy dagdelen ek brûke wan near't der dan mear fraach komt? Wy soene der graach helderheid fan de ried oer hawwe wolle sadat wy dat dan ek beskriuwe kinne yn de oerienkomst. Wy wolle graach witte hoe wy dit be- skriuwe moatte yn dy oerienkomst om foaral dêrnei misferstannen te foarkommen. It is ek in fraach fan it kolleezje, moatte wy ek yn dy oerienkomst beskriuwe, wy tinke fan wol mar de ried kin der oars oer tinke, dat de eigener ek hâlden is oan de kwaliteit fan de húsfesting sa as de noarmen der no lizze, mar wannear't it ryk se ek nochris oanskerpet, en dat soe net ondenkbeel dig wêze, dat de eigener dit foar syn rekken en risiko útfiert. It binne in oantal saken dêr't it kol leezje hiel graach ferdúdliking oer hawwe wol, sadat wy it meielkoar útwurkje kinne en dat it yn- died yn de takomst gjin problemen mei him bringt. Dit binne in oantal fragen oan de ried, sadat it kolleezje neidat it beslút fallen is, in oantal ferdúdlikingen yn hannen hat sadat it kolleezje it ek goed útfiere kin. Bijlsma: hat noch gjin antwurd op de fraach oer de konsekwinsjes fan it foarstel foar it budzjet foar de ferskate pjutteboartersplakken krigen. It kin net sa wêze dat dizze aksje konsekewinsjes hat foar it budzjet foar alle oare pjutteboartersplakken. Dat sil dus betsjutte dat it budzjet foar de pjutteboartersplakken omheech moat en dat kin op twa manieren: middels in begruttingswiziging of in reparaasje yn de maitiidsnota. De fraach oan de wethâlder wie: Kin wy dit temjitte sjen? Wethâlder Van den Berg: Fansels, want as de ried dit fierder yn syn beslútfoarming nimt, dan is dat it gefolch en sille wy dêrmei komme moatte. As de ried yn syn totaliteit oanjout, dat it net ten koste gean moat fan it pjuttewurk, mar dat wy mei oanfoljende foarstellen komme moat wat dat betreft, dan sil it kolleezje der ek útfiering oan jaan. Twadde termyn Postma: As ik de fraachstelling fan de wethâlder goed begryp, dan moat ek in riedslid in hege mate fan fleksibileit hawwe om fan in heech abstraksjenivo ta in detailnivo óf te sakjen ta de punten en komma's fan in oerienkomst. It is de fraach oft wy dêrr no hjir foar sitte. Ik tink fan net. Eins hat de wethâlder mar twa fragen steld. len fraach is: is dizze lijn dy't no útlein kader stellend foar de takomstige sitewaasjes? En de oare giet oer it 'kettingbeding'. 04. ferslach 18 maart 2003/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 22