BOARNSTERHIM gemeente Grou, - 4 APR. 2003 De leden fan de gemeenteried fan de gemeente Boarnsterhim Behannele troch:R.P. van der Starre Telefoan: 0566 - 629201 E-mail: starrer@boarnsterhim.nl Jo brief fan: Jo kenteken: Us kenteken: Taheakke: 0 Underwerp: einrapportaazje. Achte leden fan de ried, Foar jim leit de einrapportaazje fan de riedsbrede wurkgroep gemeentehûs. De wurkgroep hat har aai lein en no is it oan de ried om in beslút te nimmen. In wichtich beslút, om't der allegear maatskiplike en minslike belangen mei gearhingje. It is net de opdracht fan de wurkgroep west om de ried in útstel te dwaan; de opdracht fan de ried wie om it nimmen fan in beslút mooglik te meitsjen. Neffens my hawwe wy dat dien. In beslút oer it gemeentehûs kin nei ús betinken op in ferantwurde wize nommen wurde. Trije moannen tiid hat de wurkgroep fan de ried krigen. Dêrby noch de winsk om de rapportaazje earst yn de kommisje en dan yn de ried te behanneljen. Wy hawwe ús wurk krekt binnen de tiid ôfmeitsje kinnen, mar in behanneling yn de kommisje wie spitich genôch net mooglik. De wurk groep hat har, mei stipe fan de amtlike organisaasje, ta it uterste útrutsen om binnen de beskik bere tiid mei in goed stik te kommen. Dit hat in grutte ynspanning en alle kreativiteit fan de leden fan de wurkgroep en de amtners frege. Ik doar te sizzen dat mear as dit, binnen de beskikbere tiid, net mooglik wie en ik freegje jimme begryp hjirfoar. Mar, ek no bliuwe der, njonken alle saken dy wol dúdlik binne, noch tal fan fragen lizzen wêrop ek de wurkgroep no noch gjin antwurd jaan kin. Saken dy't wol ferbân hâlde mei de kar foar in nij gemeentehûs. De wurkgroep hat dêrom yn de léste faze besletten om it wurk net te beheinen ta it útwurkjen fan fiif senario's mei in finansjele en romtelike analyze. "Meitsje beslútfoarming mooglik oer de gemeentelike húsfesting en it âlde riedshûs", dat wie ús opdracht. Postadres: Gemeente Boarnsterhim, Postbus 40, 9000 AA Grou Kantoaradres: J.W. de Visserwei 10, 9001 ZE Grou, Tel.: 0566 - 629393, Faks: 0566 - 622424 brief wurkgroep/secr

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 31