De foarsitter: De stikken 1 oant en mei 8 wurde foar kundskip oannommen.
Nûmer 17:
Mefrou Dekker: Hat de brief lézen. De PvdA wol dit stypje om twa redenen. De wachtlisten
binne wer tanommen en yn it riedsprogramma is omtinken foar de âlderein, û.o. húsfesting
opnommen.
Bouma ûnderstreket dizze wurden en freget om in oersjoch fan de kontinginten yn de kom-
misje.
Boringa: schaart zich achter de woorden van mevrouw Dekker en vraagt naar het uitblijven
van een reactie op een brief van de heer Fokkema fan 22 november 2001
Nûmer 9, 10en 14:
Bijlsma: Fanwegen kultuerhistoaryske en oare belangen subsydzje-oanfragen foar dizze saken
honorearje. Soene dizze saken ek net yn de kommisje thús heare? Fersyk oan kolleezje om yn
2003 wol wer mei te dwaan oan ûndersyk "Gemeente wees minimaal sociaal".
De foarsitter: De opmerkingen en suggestjes wurde by it kolleezje dellein. Op guon saken
wurdt yn de kommisje op weromkommen. Dat jildt seker foar saken wêrby't de posysje fan it
kolleezje ófwykt.
6. Foarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar ferkearsmaatregels yn de Rounwei te
Warten.
Janse: Yn de beliedsfisy ferkear en ferfier wie earst sprake fan kategory 60 km. De ried wie
dêrmei net akkoart en keas ynearsten foar 80 km. As men no foar de rûnwei kiest foar kate-
gorisearring tagongswei 60 km, dan soe dat foar de hiele wei (Himriksein-Fonejacht) jilde
moatte, want in gebietsûntslutingswei kin net foar in part in oare ynfolling krije. Kategori-
searring is bedoeld foar dúdlikens en dat jout wer in stik feiligens. Stelt foar om fanwegen
feiligens ferkear ek de Stûkenwei as hiemtagongswei 60 km te kategorisearjen. Dat kin yn de
kommisje bepraat wurde. Wol graach witte wat de ried derfan fynt.
Van der Sluis: Bliid mei opknappen dyk en krúspunt. Wol ynstimming mei foarstel, mar d^
VVD hie wollen dat der in fyts/ rintunnel kommen wie.
Wethâlder Van den Berg: In het verkeers- en vervoersplan is voor het onderhavige stuk geko
zen voor 60 km. De heer Janse wil de inrichting Himriksein-Fonejacht opnieuw aan de raad
voorleggen. Het college kiest voor uitvoering als in het voorstel vastgelegd in het GVVP. Het
gedeelte is al jaren als gevaarlijk aangemerkt. Een tunneltje is misschien de ultieme oplossing,
maar de raad heeft daarvoor niet gekozen.
Twadde termyn
Janse: Giet wol mei yn it foarstel. Mar fierderop ûntstiet in ûnfeilige situaasje. Fanôf Rounwei
Warten oant de Garypster hoeke soe kategory tagongswei 60 km wêze moatte.
Mefrou Dekker: Dat yn de kommisje beprate. It oerfalt de ried.
Wethâlder Van den Berg: Als de raad een vraag in die richting heeft, dan zal het college
daarop ingaan.
De foarsitter: De opmerking sil yn de kommisje wer weromkomme. Sûnder persoanlike stim-
ming wurdt der neffens it foarstel besletten.
Pagina 2