7. Einrapportaazje fan de Riedswurkgroep Gemeentehûs. De foarsitter noeget de leden fan de wurkgroep oan de bestjoerstafel en jout de foarsitter fan de wurkgroep, de hear A.J. De Vries, de gelegenheid de wurkwize ta te Ijochtsjen, Hemminga: Hat earst noch in fraach oer de status fan it foarstel. Hy wol graach fan de foar- sjtter fan de wurkgroep witte oft der jûn foar ien fan de senario's keazen wurde moat. De Vries): Alles moat mei dizze nije opset noch wat wenne De ried hat ynformaasje krige. Jout oersjoch fan gong fan saken. De opdracht wie (op grûn moasje PvdA fan 12 novimber 2002) om riedsbreed in wurkgroep yn te stellen dy't de beslútfoarming oer gemeentehûs en Riedhûs mooglik meitsje soe. Earst is fêststeld wat foar wichtige ynformaasje der komme moast. Ynventarisaasje en aktualisearring fan eardere matearje dy't laat hat ta in aktueel programma fan easken en winsken fan gemeentekantoar en bestjoerlik sintrum. Yn de byla- gen in aktualisearre oersjoch fan de ûnderhâldskosten fan beide gebouwen en ynsjoch yn de grûnkosten by A32. Boek- en taksaasjewearde fan gemeentekantoar en Riedhûs. De fraach kin wêze wêrom dat léste yn de bylage stiet en net ferdiskontearre wurdt yn it oare part. De reden dêrfan is dat de wurkgroep net beslute kin hoe't de opbringsten bestimd wurde moat- te Dat is oan de ried. Dwaande west mei benchmark, in ferliking fan ferlykbere saken, lykas ynrjochtingskosten. De hear Van der Starre hat mei it amtlik apparaat drok dêrmei te set west. It wie lykwols net mooglik dér in kompleet byld fan te krijen. Wat wiene de subsyd- zjemooglikheden en ynkomsten fan it Riedhûs? Stichting Monumentensteunpunt Fryslân hat dat ûndersocht en ferlykbere gebouwen yn Fryslân dêrby belutsen. Der is sjoen nei it wurkjen mei twa lokaasjes en de romtlike aspekten en finansieringkonstruksjes. By de kar foar in be paald senario sil dat noch útdjippe wurde moatte. Der is in oersjoch fan de hier- en gebrûk- skontrakten fan it Riedhûs. Der hawwe petearen west mei PB, arsjitekt Douma, Freonen fan it Museum, Sint Piter en de hear Bloemhof fan Monumentensteunpunt Fryslân. Yn de beslú- foarming kin net foarbygien wurde oan oare romtlike en finansjele saken fan de gemeente. De lokaasje fan de skoallen oan de A32 is net in kar dy't de skoallen makke hawwe. It is net mear as it skowen mei projekten yn it breder plaatsje fan Grou. It skriuwen fan de einrappor taazje hat in protte tiid frege en der sitte in pear mankeminten yn, mar dy binne net ynhâld- lik. As foarsitter tinkt er dat de ried ambysje hat en dat de boarger dúdlikheid wol. Elk senario kin legitym wêze, mar de finânsjes spylje dêrby in wichtige rol en binne fan ynfloed op de mearjierrerüzing. De wurkgroep freget de ried om oan te jaan oft oan de opdracht foldien is (punt 2), in senario te kiezen (punt 3) en de takomst fan it Riedhûs te bestimmen (punt 4). Yn de e'arste termyn kin op ynhâld fan rapportaazje yngien wurde. Yn de twadde termyn nimt de wurkgroep syn plak yn de ried wer yn om mei te praten hoe't it fierder giet. Oan de ein kin de ferskillende ûnderdielen yn stimming brocht wurde. De foarsitter: Stelt fêst dat de wurkgroep hurd wurke hat. Yn de earste termyn sil ynhâldlik op de rapportaazje yngien wurde. Hemminga: De 5 senario's binne goed oanjün. Yn de rapportaazje mist noch it oersjoch fan de finansjele mooglikheden. Oan wat foar senario jout de wurkgroep seis de foarkar? Prioritei ten moatte yn mearjierrerûzings fêstlein wurde, dan is it perspektyf dúdliker. Wat wiene de arguminten om it plan fan arsjitekt Douma óf te wizen? Ek graach noch wat mear útdjipping finansjele saken en is der rekken hélden mei noch mear groei fan it bruto flieropperflak, omdat dy de léste jierren al mei 27% tanommen is? Van der Meulen: It hat in lange wei west en it wurdt no tiid om in beslút te nimmen, ek foar de amtlike organisaasje. Spitich dat it net yn e kommisje komme koe, omdat de ynformaasje foarsjenning dêrtroch wat beheinder is. Yn senario 3 wurdt praat oer 'Bouwen zonder fran- Pagina 3 Notulen 15-04-2003/3bsh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 5