BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 20 maaie 2003. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 1 5 april 2003. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Punt 3: Jierberjocht Dualisme: yn it jierberjocht opnommen oanbefellings wur de meinommen nei de wurkgroep evaluaasje Dualisme. Punt7: Jierferslach Hûs en Hiem ensfh.: de ried sil fia de kommisje WWR yn- formearre wurde hoe om te gean mei it tekoart. Punt 11 oant en mei 13: brieven oangeande plannen foar de âlde iisbaan yn Terherne: wurde earst behannele yn de kommisje WWR. Fierders konform fêststeld. 6. Foarstel ta it ûnbegrûne ferklearjen fan de ynspraakréaksjes tsjin de bou- WWR oanfraach foar it realisearjen fan in grûndepot mei ynstekhaven en kantoarunit foar de depothâlder op it perseel Trije Hûs te Grou, kadastraal bekend ge meente Grouw, sectie C, nrs 915, 916, 9611481 en 1482. Ofwikend besletten. Moasje PvdA, mei de essinsje dat it baggerdepôt ta in hichte fan maksimaal 2,0 m boppe NAP fuld wurde mei is oannommen, suba- mindemint fan de VVD wêryn oanjûn wurdt om it baggerdepôt allinne iepen te stellen foar bagger fan de klasse 1 en 2 mar net foar bagger fan de klasse 3 en 4, is fersmiten en it subamindemint fan it CDA wêrmei de hichte fan de beplanting om it depót hinne beheint wurdt ta 0,5 meter is oannommen. Dit sil ferwurke wurde yn it riedsfoarstel. 7. Foarstel om it fersyk om planskea eks artikel 49 WRO foar it perseel Gryt- WWR manswei 7 te Akkrum yn behanneling te nimmen. De ried hat besletten it fersyk om planskea óf te wizen. 8. Foarstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút foar it doarp Wergea. WWR Konform besletten. 9. Foarstel ta beneaming bestjoerslid Stichting Tusken de Marren. WWR Konform besletten. beslutelist 20 maaie 2003/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 64